Taalsinjaal

augustus 29, 2017 12:15

Hoe een simpel “Goeie” of “Wolkom” Nederlandstaligen en Friestaligen nader tot elkaar kan brengen

Foto: fy.wikipedia.org

Lêstendeis hie ik yn Snits gjin lytsjild om te parkearen. “Kinne Jo miskien in tientsje wikselje?”, frege ik oan samar in foarbygonger. Hy seach my wat apart oan en sei: “Wilt u dat nog eens zeggen?” “Graach!”, sei ik. Doe’t ik it werhelle frege er: “Is dat nou Fries? Wat leuk dat U me zo aanspreekt! Ik ben hier nu drie dagen met vakantie, maar het Fries heb ik nog niet eerder gehoord!”

“Laat heel de wereld zien waar Fryslân voor staat!”, krige de Fryske Mienskip (!) yn 2014 troch de krante fan Kulturele Haadstêd te hearren. Yn dy krante stiene ‘zegge en schrijve’ trije wurden Frysk: “Supergrutsk op Fryslân”. Dat wie mar in suterich plakje foar ús moaie taal, wylst eltsenien it der wol oer iens is dat dy taal dochs heart by it moaiste fan Fryslân.

Sûnder mis wurde der yn it grutte projekt Lân fan taal tal fan moaie evenementen útbret. It permaninte gebou jout grif in goed oersjoch fan wat wy dogge, mar makket ús meartalige mienskip ek echt dúdlik dat wy as mienskip meielkoar stean foar it Frysk en de oare lytse taaljuwieltsjes yn ús provinsje?

Soe ús Fryske mienskip yn 2018 net simpele sinjalen jaan kinne, dy’t oanjouwe dat wy niget ha en wiis binne mei ús prachtige âlde taal. In publyksaksje dy’t it Frysk wat mear op de rails set yn it deistige taalferkear?
In breed oplibjend aktyf entûsjasme krekt yn it jier dat wy mondiaal yn de skynwerpers steane soe wol tige wolkom wêze.Nettsjinsteande de status fan it Frysk as twade rykstaal hat it de wyn net yn ’e seilen. Op in soad skoalpleinen is de status fan it Frysk hiel leech en wurdt it amper mear heard. Krektlyn hearde ik ek noch dat op provinsjale gearkomsten fan de Fryske gemeentesiktarissen gjin Frysk klinkt. Tagelyk is it sa dat in soad Hollânsktaligen fine dat de Friezen har te folle ferbrekke. “Zo leer je het nooit!” Op dy manier kriget de eigen taal te min kâns. It goedbedoelde meganisme om daliks oer te skeakeljen sit der by de Friezen hiel djip yn.

Yn de rûnten fan it Gysbert Japicx-hûs wurdt dreamd oer in boartlike aksje dy’t ús stypje kin ta in bewuster omgean mei ús taal. De aksje slút oan by ús goede Fryske gewoante om royaal te wêzen mei it groetsjen, eigen of frjemd. Ferline jier by de Gysbert Japicxbetinking is de aksje Taalsinjaal al úteinset mei tûzenen ûnderlizzers (placemats). Yn de restauranten fan Boalsert wurde se brûkt, sels yn de Sineeske! Se bringe bylden fan in Hollânsktalige frou, dy’t har Frysktalige buorman yn it Frysk begroetet, om him oan te trúnjen Frysk tsjin har te praten.

Dit jier giet de aksje fierder. Alle ynwenners fan Fryslân wurde op it idee brocht en frege om yn it Frysk te groetsjen. Hollânsktaligen jouwe dêrmei oan: “Praat mar Frysk!” en de Fryskpraters: “Ik praat graach Frysk.” Grif jouwe ús noch lytsere talen yn Fryslân dêr harren eigen slinger oan. Mienskiplik de lytsere taal triuwkes yn de rêch jaan, dat is de eftergrûn. In oansprekkende balâns meitsje tusken globaal tinken en lokaal hanneljen yn ús ynternasjonale jier.

As dat baltsje begjint te rôljen, soe dat in opstekker en boppeslach wêze foar de taal! In Fryske groet as sinjaaltsje by de kassa’s fan de supermerken. Mei Frysk de dei begjinne op skoalle, Frysk in earlik plak jaan yn tsjerke, Frysk groetsje op it kantoar, op gearkomsten, yn it sikehûs. Koartsein oeral oanjaan dat it Frysk tige wolkom en weardefol is.

“Lit frij alle winen fan kultuer troch dyn hûs waaie, mar ferpof it om troch ien fan harren omblaasd te wurden”, dat sei Ghandi en Abel Herzberg sei it wer oars: “Als wij straks allemaal dezelfde taal spreken, hebben wij elkaar ook niets meer te vertellen!”

“Leuk dat u me zo aanspreekt!”, sei dy toerist yn Snits. Wy rekken net útpraat oer taal.

Freonlike groetnis en oant hearren!

hindrik van der meer
hindrikvandermeer@dds.nl

augustus 29, 2017 12:15
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Rolf Bremmer augustus 30, 14:45

    de audio-fersy fan dit artikel hat neat mei it Frysk te krijen mar is in automatyske transformaasje fan skreaun Hollânsk nei sprutsen Hollânsk. Wat is it doel derfan, eins?

  2. H. augustus 30, 15:12

    Rolf hat gelyk. Ik tink dat de Nederlânske titel fan de kollum de software op it ferkearde spoar bringt, want by oare artikels wurket it foarlêzen in stik better. It klinkt dêr ek net natuerlik, mar der wurdt wol dúdlik en fersteanber Frysk praat.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.