Strannen te sjen yn healoere duorjende film

augustus 9, 2017 09:21

Ofbylding: Stichting Nederland Schoon

Woansdei lansearret Stichting Nederland Schoon in unike strânfilm fan in healoere, dêr’t de strannen fan de Nederlânske kust de haadrol yn spylje. De film lit sjen hoe moai oft it Nederlânske strân is en bewiist wêrom’t it sa wichtich is om dat ek sa te hâlden.

De strannen fan Skylge en It Amelân wiene trije wike lyn aktyf ûnderdiel fan in moai skouspul, dêr’t hûnderten minsken op tsientallen strannen by gearwurke ha oan in bysûnder projekt, dat út de helikopter wei filme is. Mei help fan ûnder mear strânbedsjes, SUP-buorden, parasols, rêdingsboaten, in grutte fiskersboat en in folsleine skoalklasse waarden fyftjin letters en in teken útbylde dy’t út de loft wei sichtber wiene. By de helikopterflecht fan it Waad nei it Sieuske Cadzand kaam stadichoan in boadskip fan de Nederlânske strannen oan alle Nederlânske strânleafhawwers tefoarskyn: “Stem op ons strand!”

It projekt markearre de start fan de Skjinste Strânferkiezing 2017, dy’t op 12 july úteinsette. Der wurdt in protte stimd – ferline jier stimden 18.000 strânbesikers. Wa’t mear oer de aktive rol fan ‘har of syn’ strân yn it projekt of oer de ferkiezing sels hearre wol, kin belje mei de wurdfierder fan NederlandSchoon, Vincent Breedveld. By ynteresse kinne jo belje mei Edzart Bentinck, tel. 06 – 24746698 of Daniëlle Faas. tel. 06 – 42813172.

augustus 9, 2017 09:21
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*