Skûtsjesilen op ’e Langwarder Wielen 2017 yn byld

augustus 10, 2017 19:30

Op de Langwarder Wielen wie fan ’e middei in rûte útset mei fiif tonnen. Trije dêrfan leine boppewyns en sadwaande moasten de skûtskjes eltse omgong trije krúsrekjes sile. Fangefolgen wiene der in protte wiksels yn it skûtsjefjild. In byldferslach.

Ynearsten leit alles noch ticht byinoar.

Mar Akkrum rint der al gau út, mei ynearsten Langwar der deun efter.

Dat duorret lykwols net lang. Al ringen sylt It Hearrenfean nei it twadde plak, mei Grou dêrefter en dan al It Doarp Huzum, ûngewoan foar dat skûtsje dat de lêste jierren altyd efteroan sylde. It liket derop dat it fernijen fan de bemanning, dy’t ûnder lieding stiet fan de eardere skipper fan Langwar, Johannes Meeter, fertuten docht.

Snits, de winner fan juster en njoggenfâldich skûtsjekampioen, sylt ek op in ûngewoan plak: hielendal efteroan, der sitte twa tonnen tusken him en Akkrum.

De Langwarders moatte tasjen hoe’t harren skûtsje ôfsakket.

Oare kant de mar besaut it publyk him oer de diskwalifikaasje fan De Jouwer, by it úteinsetten fan de wedstriidrige, omreden fan de te hege seilophinging, dy’t net foldie oan de ôfspraken oer de autentisiteit fan it seilsilhûet. Skipper Dirk Jan Reijenga hâldt út dat it by harren net leger koe om’t se it grutste skûtsje ha. It passe allegearre net, noch leger soe it gefaar meibringe dat it hiele túch fan boppen komt. Nei lang redendielen mei de SKS wie it op it lêst noch mar om seis sentimeter hichteferskil te rêden. De Jousters op de wâlskant ha dêr wol begryp foar. Mar wêrom hie dat probleem no net foar de wedstriden oplost wurde kinnen? Net ien heucht it dat ea earder it kampioenskip mei trettjin skûtsjes syld waard.

Wylst Akkrum ûnbedrige oan kop bliuwt…

… helje Grou en Huzum yn it lêste krúsrek It Hearrenfean yn.

Dy nije folchoarder sil oant de ein itselde bliuwe. Dêrefter finishet de Súdwesthoeke en dan in skûtsje dat troch in protest earder noch in ekstra rûntsje meitsje moatten hie: De Lemmer.

© Foto’s: ItNijs.frl

augustus 10, 2017 19:30
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*