It skûtsjesilen op De Fluezen yn byld

augustus 12, 2017 00:13

Hast gjin wyn, de start wurdt ynearsten foar ûnbepaalde tiid fersteld. It is waar as side; dat, it shirt kin der by út.

Omtrint in oere letter sil it dan heve.

It omsittend laach, dat manmachtich nei Ealahuzen tein is, besjocht nei it lange wachtsjen halseagjend it krúskjen foar de startline.

Akkrum, dat juster foar de twadde kear wûn, komt goed út de start.

Hoewol’t de wyn al wat oanhellet, moat alle war dien wurde om sa folle mooglik sigentsjes yn de fok op te heinen.

Akkrum leit ynearsten foaroan.

De boppewynse tonnen wurde op ferskate wizen besyld.

De kar fan Pieter Meeter pakt ferkeard út. Akkrum moat in tal oare skútsjes foargean litte en komt net mear by de kopgroep.

Wâldsein nimt de lieding oer.

Op it ûndjippe wetter moat goed peile wurde om it swurd hieltyd op de optimale djipte te hâlden.

Wâldsein wurdt hjitfolge fan Snits.

Snits komt foaroan.

Douwe Visser fan Snits, dy’t it juster sa min die, pakt syn twadde oerwinning fan dit jier. By de miet stowe parseboaten op him ôf.

© Foto’s: ItNijs.frl

augustus 12, 2017 00:13
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*