Harsenpanne miljoenen jier âld minskaapke fûn

augustus 10, 2017 10:06

Gibbon (foto: Wiki Commons/Hasekamp at Dutch Wikipedia)

Wittenskippers hawwe yn Kenia de harsenplasse fûn fan in minskaapke dat trettjin miljoen jier lyn libbe. Neffens de ûndersikers biedt de fynst nij ynsjoch yn de evolúsje fan de minske. It deadskopke is fan in jonge minskaap dy’t fan de ûndersikers de namme Alesi krigen hat. It bist libbe yn de tiid foar’t minskeftigen en minskapen har apart faninoar ûntwikkelen. Dy ûntwikkeling sette pas sa’n sân miljoen jier lyn útein. Der is noch net folle bekend oer wat dêroan foarôfgie.

Undersikers ûntdutsen earder bonkeresten en tosken fan minskapen út dy tiid, mar it wie oant no ta net dúdlik hoe’t de apen derút seagen. Mei de ûntdekking fan Alesi is de earste yntakte plasse fûn. Alesi liket mei syn lytse snút op in jonge gibbon, mar it wie in minskaapke, seit de Nederlânske wittenskipper Fred Spoor fan University College London, dy’t by it ûndersyk belutsen is. It lykwichtsorgaan yn it binnenear is lyts yn ferhâlding ta de rest fan it lichem. By gibbons is it lykwichtsorgaan just relatyf grut, om’t de bisten fluch tusken de beammen slingerje kinne moatte.

It fossyl hat it formaat fan in sitroen. Neffens de wittenskippers wie it minskaapke likernôch in jier en fjouwer moanne âld doe’t it deagie.

augustus 10, 2017 10:06
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*