Rûnfeart Makkum

augustus 17, 2017 09:43 Fernijd

Tongersdei 17 augustus wurdt fan Camping Holle Poarte by Makkum ôf in rûnfartocht organisearre. Der wurdt fearn yn de Lois, in grutte âlderwetske pream mar wol mei elektryske oandriuwing. Der kinne fjirtich persoanen mei dy’t sitte kinne op banken oan wjerskanten.

Mei de tocht wolle de organisatoaren belangstelling winne foar natuer, kultuer, skiednis en keunst. De bemanning bestiet út entûsjaste frijwilligers dy’t ûnderweis fan alles fertelle. Oan board is ek in ynformaasjeboek.

De tocht giet troch by minimaal tsien dielnimmers.
De kosten binne € 10,– de persoan; bern € 8,– en o/m 3 jier fergees.
De tocht begjint om 15.30 oere en duorret twa oere.
Foar mear ynformaasje sjoch www.preamke.nl

 

 

augustus 17, 2017 09:43 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*