Rebûlje yn de SKS-float

augustus 12, 2017 19:40

Langwar, foaroan op de foto mei it swanneteken, kaam hjoed foar it lêst oan de start.

De SKS-float moat dit jier mei 12 skûtsjes fierder farre want hjoed stapte Langwar, mei gefoel foar dramatyk, ûnder de wedstriid yn Starum út it kampioenskip. Skipper Jaap Zwaga seit dat er neat wurde kin mei de easken dy’t de SKS stelt. Hy mei net genôch seil fiere foar syn skûtsje Twee Gebroeders en sit dêrom algeduerigen yn de efterein. Langwar is nei de diskwalifikaasje fan De Jouwer al it twadde slachtoffer fan de seilformule dy’t ferline jier oannommen is. It doe, omreden fan orizjinaliteit, ferplicht stelde seilsylhûet past neffens de Jousters net op harren Oeral Thús en om’t sy en de SKS it nei oanpassingen noch hieltyd net mei-inoar lykfine koene, late it konflikt earder dizze wike al ta dy diskwalifikaasje. Langwar stapte der hjoed dus sels út. Zwaga: “We hoopje no de eagen fan de SKS te iepenjen. Sa kin it net langer. Je krije binnen de SKS gewoan gjin gehoar.” Foarsitter fan Stichting Skûtsjes Doniawerstal Johan Abma: “It beslút oer de seilformule is demokratysk nommen, mar in mearderheid moat rekken hâlde mei de minderheid.” De nije seilformule is basearre op de ôfmjittingen fan de skûtsjes en dêrmei simpeler as de eardere. De measte skippers krigen der in tal kante meters seil by en dy stimden allegearre foar. “Wy wolle graach by de SKS-famylje bliuwe, mar dit probleem moat wol oplost wurde”, driget Abma.

Hjoed koene de skippers by Starum sels kieze hokfoar ûnderwynse tonne se pakten.

Der wie ek al rebûlje oer de wedstriid op De Feanhoop fan moandei. De skippers fan Langwar, de Súdwesthoeke, Wâldsein en It Hearrenfean tsjinnen in protest yn tsjin de wedstriidkommisje om’t it wedstriidwetter fierstente krap wie. It SKS-besjoer moast harren woansdei gelyk jaan en de wedstriid waard skrast.

Wiene der de ôfrûne dagen in protte wiksels foaroan – sjoch de byldferslaggen fan It Nijs, hjir en hjirre – hjoed kaam Grou daliks oan kop en dat feroare net wer. Grou wurdt dêrmei ek lieder fan it algemien klassemint.

Neffens skûtsjesaakkundige Anne Tjerkstra driuwe de Langwarders harren saak te fier troch. “Hja hiene gewoan trochsile moatten en dan der ankom winter wer oer redendiele.” Hy relativearret: “Zwaga hat keazen foar in protte ballast yn it skûtsje, om sadwaande mear seil fiere te kinnen. Mar dy pear kante meters seil ekstra dogge te min fertuten. Hy hat in ferkearde kar makke.” It bestjoer fan de SKS is min te sprekken oer de aksje fan Langwar en fynt dat sokke swierrichheden op in oare wize op it aljemint brocht wurde moatte. En fansels kinne de regels net tuskentroch feroare wurde.

Langwar hie it kampioenskip juster noch al krekt in stik spannender makke troch it winnen fan in protest tsjin klassemintslieder Akkrum, dy’t te min romte jûn hie oan de hikkesluter.

In grut part fan de middenmoat finishte hjoed suver tagelyk.

© Foto’s: ItNijs.frl

augustus 12, 2017 19:40
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Nanne augustus 13, 00:15

    Orizjinaliteit? Ik begryp dat Langwar in pear auto’s yn it rom hat as ballast. Hoe orizjineel is dat? In oarloch fiere oer 6 sentimeter hichteferskil fan it túch is frijwat kluchtich as jo wol tasteane dat de seilen fan it modernste materiaal makke wurde. Gryp dan no ek mar werom op katoen. Dát is teminsten orizjineel. En dúdlik sichtber foar elkenien.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*