Paulus Jakje (ferhaal)

augustus 5, 2017 07:00
It ûndersteande ferhaal krigen wy tastjoerd nei oanlieding fan ús oprop om kreative bydragen.
Mear ferhalen en gedichten binne wolkom. Wy sette alle sneonen ien yn de rubryk Ferdivedaasje. Redaksje It Nijs

Paulus Jakje

In histoarysk ferhaal optekene troch Jangerben

Paulus Jakje wie yn de tritiger jierren in bekend figuer yn Jobbegea of – wat doe mear sein waard – ‘de Kompenije’. Hy stie ynskreaun as grûnwurker, mar dat berop hat er net safolle útoefene. Syn bekendheid hat er krige troch dat er faak my syn harmoanika ûnderweis wie. Syn echte namme wie Paulus Blaauw, mar der wiene net folle dy’t dat wisten. Hoe’t er oan de namme Jakje kommen is, rinne de mieningen oer útinoar. It soe wêze kinne dat er faak Kortjakje spile, mar ek trochdat er in nuver jaske oan hie. Paulus wie berne op 22 maaie 1877 te Jobbegea en is ferstoarn op 21 maart 1944 yn Nijhoarne oan longûntstekking. Hy wie in soan fan Tjalke Blaauw en Grietje Jonker. Tjalke moat syn efternamme feroare hawwe fan Brouwer nei Blaauw, om’t er faak post krige dy’t foar syn broer ornearre wie. Dat wie dan gâns in ein rinnen en dêr hie er syn nocht fan en sa moat er doe de namme feroare hawwe.

Paulus hat twa kear troud west. Yn 1903 mei Willemke Jonker; út dat houlik waard ien soan berne, Tjalke, dy is doe’t er trije jier wie ferstoarn en in jier letter ferstoar Willemke. Nei in pear jier is er opnij troud mei Berendina Drent. Dy hie in dochter, Dina Fokkema. Dat houlik hat trettjin jier duorre en is yn 1928 ûntbûn. It ferhaal giet dat Berendina eltse dei nei kafee Haveman gie om in healtsje.

Klik foar it hiele ferhaal op Paulus Jakje.
augustus 5, 2017 07:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.