Nederlanner wennet 22 kilometer fan syn wurk ôf

augustus 10, 2017 13:20

It CBS yn Heerlen (foto: Wikipedia)

Wurknimmers yn Nederlân wenje net tige fier fan harren wurk ôf: yn 2015 yn trochsneed 22,6 kilometer. 38 persint fan de wurknimmers wennet en wurket yn deselde gemeente, docht bliken út sifers oer wen-wurkôfstannen fan it Sintraal Buro foar de Statistyk. Benammen yn gebieten tichtby de lânsgrinzen en oan de oare ‘rânen’ fan Nederlân, lykas de Waadeilannen, wurket in relatyf grut part fan de wurknimmers yn it eigen wenplak.

Yn hast twatredde fan de gemeenten is alle dagen in lytse eksodus: dêr hat santich persint of mear fan de ynwenners dy’t yn leantsjinst wurkje syn baan bûten de gemeentegrinzen. De Limburchske gemeente Onderbanken spant de kroan: dêr wurket mear as njoggentich persint fan de wurknimmers yn in oare gemeente. Yn grutte stêden lykwols komt wurkjen én wenjen in protte foar. Yn 28 gemeenten wurket mear as de helte fan de wurknimmers yn itselde plak.

augustus 10, 2017 13:20
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*