LTO fynt útspraken NVWA oer aaien ferskriklik

augustus 2, 2017 10:22

Foto: pixabay.com

NVWA-sjef Freek van Zoeren sei tiisdeitejûn yn it programma Nieuwsuur dat minsken weromhâldend wêze moatte mei it iten fan aaien. Brânsjorganisaasje LTO Nederlân fynt dy útspraken ferskriklik. “As ien seit dat er libje kin sûnder in aai te iten oant snein, soe ik dat oanriede”, sei de NVWA-topman. Neffens Eric Hubers fan LTO Nederlân feroarsaket Van Zoeren ûnrêst by de konsumint. “It is ferskriklik en totaal ûnnedich, want yn de winkels lizze no inkeld mar aaien dy’t net blokkearre binne. Dy binne dus feilich”, sei Hubers yn it NOS Radio 1 sjoernaal.

Hubers seit dat er ûnder de útstjoering fan Nieuwsuur in protte appkes krige fan leden dy’t har ôffregen wat der barde. LTO oerleit woansdeitemiddei wer mei de NVWA oer de affêre mei de aaien dy’t besmette binne mei in himmelmiddel dêr’t fipronil yn sit. Dat is in gif om luzen te deadzjen. De brânsjorganisaasje wol dan ek oer de warskôging fan Van Zoeren prate.

augustus 2, 2017 10:22
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Johannes augustus 2, 11:11

    Der binne minsken dy ite mear as 20 aaien yn ‘e wike. Dy sille útsjen moatte. Oars falt it allegearre ta. Dy meiwurker fan ‘e NVWA fertelt wat it gif docht en ferbynt der mei dat je op dit sluit in bytsje omtinke moatte mei it keepjen fan aaien. Fansels in goed adfys, mar LTO raast. De hinneboer hie it it goed ütlein, lit elkenien dêrnei lusterje en dat dwaan.

  2. Nanne augustus 2, 22:57

    Der wurdt hjoed krekt dien as wie dat in formeel advys fan de NVWA. Mar it is in útspraak dy’t Nieuwsuurpresentatrise Mariëlle Tweebeeke de NVWA-wurdfierder nei lang oantrunen ûntfytmanne. Om’t dy it risiko net doarde te bagatellisearjen en om’t noch lang net alle bedriuwen ûndersocht wienen. Lang om let wurdt it risiko hjoed ris yn perspektyf setten: keukentrepkes binne gefaarliker. Gelokkich mar, want se komme der no efter mar dat guod sit fansels al in hiel skoft yn de aaien. Nuver dat ik dêr nimmen oer hear. En soenen we it net ris ha moatte oer de wize fan it hâlden fan hinnen? Aaien kosten 50 jier lyn omtrint 2 dûbeltsjes it stik en binne dus effektyf folle goedkeaper wurden. Tsja, dan krije jo der dus ris wat rotsoai op ta.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*