Liuwinnen ferrifelje bedriuwslibben

augustus 7, 2017 23:24

Wat sil de kommersje him besauwe. Ornaris kreëarret dy mei knoarren oranje parafernalia altyd in goarre – sy neame it in hype – by ynternasjonale fuotbalkampioenskippen. By de manlju dan, ek al wurde dy meastentiids al ringen wer nei hûs skopt. Mar it frouljus-EK waard finaal skoudere troch it bedriuwslibben. En och heden, wat in kapitale blunder wie dat. Dat ús liuwinnen Europeesk kampioen wurde soene, wie fansels net te foarsizzen, mar dat se it fier skoppe koene, wie al lang dúdlik. Boppedat wie de balskopperij no yn eigen lân en de media sprongen der diskear, yn de komkommertiid, boppe-op. In ôfgryslike misrekken fan de marketeers, te ferklearjen út hoedenens, want oe heden, de skoandere marketingbudjzetten soene ris net rendearje. Frouljussport skoart ommers net by it grutte publyk, sa is it tinken. En dat wurdt in selsbefêstigjende profesij, want dêrom ha de media der oer it generaal ek net folle omtinken foar en kriget de grutte kliber der te min fan mei. Yn dat ramt: wa hat fernommen dat de Giro d’Italia foar froulju okkerdeis foar de fiifde kear troch in Nederlânske fytster wûn is? Hiel wat mear omtinken krige de oerwinning earder dit jier fan Tom Dumoulin yn de manljusferzje, dêr’t doe wakker by beard waard oer in saneamde histoaryske earste kear dat in Nederlanner de Giro wûn hie…

Lang om let kleuren fan ‘e middei de grêften yn Utert oranje; by de huldiging fan it Nederlânske damesfuotbaltiim. © Nanne Hoekstra

It is wol wer dúdlik dat it hjoeddeistige bedriuwslibben net fan risiko’s hâldt, al hoefolle dat ek by it ûndernimmersskip hearre moatte soe. Alteast net as it jild kostet. Sekseneutrale (wêrom hjit dat no ynienen genderneutraal?) oantsjuttingen wol it bedriuwslibben noch wol brûke, want soks kostet neat en it komt sympatyk oer. Dat lêste is ek tige wichtich en sadwaande binne bedriuwen oan mei it maatskiplik debat oer Swarte Pyt dat noch alle kanten út gean kin. En Frysk doare se likemin oan. Want oe heden, dat soe samar ris ferkeard falle kinne by guon klanten. Mar, hearen merketiers – of om myn part: persoanen merketiers – soene jim it net ris yn jim omgean litte en doch yn it jier fan Kulturele Haadstêd Ljouwert-Fryslân serieus wat mei de kulturele rykdom fan ús taal? Om net it risiko te rinnen dy boat ek wer te missen? Of om gewoan ris sportyf mei te dwaan?

Nanne

augustus 7, 2017 23:24
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Erwin2.0 augustus 8, 12:04

    Oh, binne it ‘ús liuwinnen’? Tocht it moai net. Fryslân is gjin Nederlân. Never was, never will be.

  2. Johan augustus 14, 11:21

    Folslein mei Erwin iens. In kapitale blunder om op ús Frysk webstee sa oer de sporters fan ús Nederlânske buorlju te skriuwen.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*