Hoarn tafoege oan HisGIS

augustus 8, 2017 09:22 Fernijd

Stedsplattegrûn Hoarn 1888 mei de gebouwelaach fan 1832 (ôfbylding: HisGis)

It ynformaasjesysteem foar histoaryske geodata HisGIS is útwreide mei it Noard-Hollânske Hoarn en oare parten fan West-Fryslân. Gegevens út it âldste Nederlânske kadaster fan 1832 foar de eardere kadastrale gemeenten Hoarn, Wognum, Blokker, Sweach en Berkhout kinne no op it ynternet rieplachte wurde.

HisGIS Hoorn is ta stân kommen mei stipe fan it Westfries Archief en de Archeologische Dienst fan de gemeente Hoarn. Foar it ôfbeakenjen fan de kaart- en gegevenslagen is útgien fan de tsjintwurdige gemeentegrinzen. Mei-inoar omfettet it ferwurke kadastermateriaal foar Hoarn en omkriten 43 kadasterkaarten mei yn totaal 12.240 perselen, met likefolle records.

By it ferwurkjen is in soad omtinken jûn oan it georeferearjen mei help fan tige krekt referinsjemateriaal. It stribben wie om foar de 1832-perselearring in ôfwyktoleransje fan op syn heechst 2 meter foar de binnenstêd en 5 meter foar it bûtengebiet ta te stean. As rasterlaach is in ferskaat oan kaarten te finen yn HisGIS Hoarn. De âldste is de 16de-iuwske kaart fan Hoarn en omkriten troch Jacob van Deventer.

Gean nei HisGIS Hoarn.

Boarne: Fryske Akademy

augustus 8, 2017 09:22 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*