Hegere straffen yn it ferkear, in foarstel foar de bühne?

augustus 3, 2017 08:05

Troch Tjalling van der Goot

Straffen en ferkear, it bliuwt in komplekse kombinaasje. De minister fan Feiligens en Justysje, Stef Blok, besiket no mei in plan om de straffen omheech te driuwen. De measte minsken sille sa’n plan goedkarre. Swierder straffe past yn it klimaat fan hjoed-de-dei. Oant hja sels ris te krijen hawwe mei in ferkearsdelikt. In delikt dat ek nochris net mei opsetsin begien is. Dan ynienen komme hja der sels efter dat hurder straffe net de oplossing is. Jo hearre wol, ik bin kritysk op it ferheegjen fan de straffen yn it ferkear. Mar wêrom eins?

Yn it algemien jildt dat swierder straffe net wurket. In hurde oanpak kostet net allinne in protte jild, mar de kâns dat ien nei in taakstraf wer in nij strafber feit úthellet is ek nochris folle lytser as de kâns dat ien op ’e nij in misset docht nei in finzenisstraf. Wêrom dan dochs in finzenisstraf? Yn hiel drege saken kinne wy ús der miskien wol wat by foarstelle. Foar sommige saken is in taakstraf te licht. Mar as hja de kar hawwe om by wat minder earnstige feiten te kiezen tusken in taakstraf as de sel yn, dan sil in grut part yn ús lân ek kieze foar de finzenisstraf, wylst bliken docht dat it net helpt. Yn ús maatskippij is it wurd ‘wraak’ aloan mear oanwêzich. En dat is gjin goeie ûntwikkeling.

No hat minister Blok ein july oankundige dat sommige ferkearssaken lykas it riden mei alkohol, trochride nei in oanriding en it riden sûnder rydbewiis swierder bestraft wurde moatte. De fraach is oft dat net mear in foarstel is foar de bühne en om slachtoffers yn ’e mjitte te kommen. Is it nedich om fertochten yn it ferkear hurder oan te pakken?

It heger meitsjen fan maksimum straffen om it werheljen foar te kommen, is bedoeld foar dieders dy’t foardat hja in strafber feit úthelje in rekkensomke meitsje. Wat binne de kânsen dat ik pakt wurd en hokker straf hinget my dan boppe de holle? Berekkene kriminelen. Oer dy kategory dieders hat Blok it lykwols net. Yn it ferkear is almeast gjin sprake fan berekkenjend hâlden en dragen. Nee, it giet meastal om ferkearde ynskattingen, net goed útsjen, gjin opsetsin. En by it riden mei alkohol om minsken dy’t krekt nei it drinken fan alkohol minder goed neitinke kinne en dêrom de kar meitsje yn de auto te stappen. It giet dus om minsken op wa’t swierdere straffen gjin effekt hawwe sille.

Mar wat betsjut it foarstel dan praktysk? Bygelyks it riden ûnder ynfloed fan alkohol. Hielendal ferkeard fansels. Dêr is eltsenien it oer iens. De wet seit dat nei oertrêding fan dat ferbod in straf oplein wurde kin fan maksimaal trije moanne selstraf of in jildboete fan hast € 7.000,–. Yn myn praktyk haw ik noch nea meimakke dat de rjochter ek mar yn ’e buert kommen is fan dy maksimum straffen. Wêrom dan ferheegje?

Ride sûnder rydbewiis dan. Dat mei ek net. Dêr kin in straf foar oplein wurde, dat is wis. Oant safier is der gjin diskusje. Foar riden sûnder in rydbewiis kin neffens de wet in selstraf fan twa moanne of in jildboete fan maksimaal sa’n € 3.500,– oplein wurde. Ik haw noch nea yn myn praktyk sjoen dat in rjochter soksoarte fan hege straffen oplein hat. Wêrom dan ferheegje?

Ik rin ûnderwilens lang genôch mei om te witten dat de lêste tiid it belang fan slachtoffers wichtiger wurden is. Foar slachtoffers hat fansels hast eltsenien wol sympaty. Noch net lang lyn ferklearre ‘Fonds Slachtofferhulp’ dat de hjoeddeiske strafmjitte net genôch rjocht docht oan it leed en it ferlet fan slachtoffers. Mei oare wurden, de straffen fine hja te leech. Wêrom soene wy de winsken fan slachtoffers nét oernimme? De stim fan slachtoffers hat in grutter berik as dy fan fertochten. Fertochten dy’t yn ferkearssaken bytiden al foardat de rjochter it fonnis útsprutsen hat as dieder oanmurken wurde. Mar as slachtoffers yn de wet temjitte kommen wurden moatte, moat it gjin poppesûger wurde, gjin kosmetyske yngreep. As wy no al witte dat rjochters gjin ferlet hawwe om it pakket oan straffen út te wreidzjen sadat hegere straffen oplein wurde kinne, falt de basis foar it plan fan de minister foar in grut part fuort.

Begryp my net ferkeard, ik bin der ek in foarstanner fan dat ferfelend en strafber hâlden en dragen yn it ferkear oanpakt wurdt. Mar dy oanpak leit him wat my oanbelanget net yn it ferheegjen fan straffen. It ferline hat útwiisd dat stranger straffe net wurket. Ynvestearje yn de oplieding foar it rydbewiis, doch oan foarljochting, konsintrearje op saneamde residivisten (dy’t al faker pakt binne), jou de rjochter it foech om it folgjen fan in alkoholkursus as in maatregel op te lizzen. It strafrjocht is faak net de oplossing. Strafrjocht is gjin smaroalje om boargers oan ’e leie rinne te litten. It is in lêste behelp om it hâlden en dragen te beynfloedzjen. Dy nuânse hoopje ik yn it parlemint tsjin te kommen as it foarstel fan Blok besprutsen wurdt. En wa wit wurdt it plan dan dochs noch ôfsketten.

Tjalling van der Goot
strafrjochtabbekaat Anker & Anker Ljouwert

 

augustus 3, 2017 08:05
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.