Frijwilliger by Unu Pikin (6)

augustus 17, 2017 08:12
De foargeande ôfleveringen fan dit reisferslach binne te finen troch yn it sykfinster ‘Frijwilliger by Unu Pikin’ te typen.

De trip nei Brownsberg en omkriten

Blog nûmer 6 stiet alhiel yn it teken fan de trip nei Brownsberg en omkriten. Alle lof en hulde giet út nei de geweldige gids Steven Oldenstam, ek wol Steve-O neamd. Mochten jim ea ris yn Suriname komme en in trip nei it binnenlân meitsje wolle, nim dan kontakt op mei Steven. Wêrom? Dat is yn it ferslach te lêzen… 

Stan Grosfeld
~ 28 / 06 / 2016 ~ 

It is 25 juny, sneontemoarn, en de wekker stiet om 06.30 oere te tetterjen. Wy (Kaatje, Laura & ik) geane hjoed op wei nei Brownsberg! Efkes in hastige dûs, brea-ite en de lêste dinkjes pakke foar de trip fan 2 dagen. Us gids, Steve-O, stiet, net te leauwen, presys om 7.30 oere foar de doar. Frij bysûnder, want hast elke Surinamer komt op syn minst in kertier letter oan as ôfpraat is. Afijn, om 07.30 oere sitte wy yn de grutte Mazda 4×4, op wei nei it moaie suden fan Suriname. De earste 1,5 oere ferrint aardich flot, want wy kinne dan foar it grutste part op asfalt ride. De lêste oardel oere moatte we lykwols ôflizze op hobbelige sânpaden mei in soad wetterpuozzen. Gelokkich is Steve-O in poerbêste koereur, dat wy komme der sûnder kleanskuorren ôf.

Op de steger by de Joadesavanne

De earste bestimming is de ‘Joadesavanne’. Dat is in plak oan de Surinamerivier dêr’t de ruïnen fan de alderearste Joadske delsetting fan it kontinint Amearika te finen binne. Ja werklik, de earste Joadske delsetting fan Noard-, Midden- en Súd-Amearika leit oan de Surinamerivier! In tige moaie & rêstjaande lokaasje, mar earlik sein wie der net in bysûnder soad te sjen, de delsetting is al frij âld en der hat gjin renovaasje west, dat wat gebouwen/ruïnen oangiet is it der frij keal. De steger oan de rivier wurdt lykwols wol goed ûnderholden. Dêr ha wy dan ek geniete fan de stilte en de sinnestrielen.

Nei sa’n 45 minuten besleaten wy om wer fierder te gean. De folgjende bestimming wie Bergendal. Dat ‘doarpke’ (1 fêste ynwenner) is spesjaal boud foar toeristen om te ûntspannen. It leit ek oan de Surinamerivier, op in prachtige lokaasje. Dêr ha wy earst hearlik luncht en fierder lekker swommen yn de rivier. Dêrnei ûndernamen wy ús earste aktiviteit, ‘tokkelje’ op de kabelbaan tusken de beamtoppen! Spitigernôch haw ik dêr gjin foto’s fan. Hichtepunt fan dat parkoers wie de 180 meter lange kabelbaan dy’t ús op 35 meter (!) hichte oer de Surinamerivier ferfierde.

Nei de kabelbaan swommen wy noch efkes om dêrnei troch te riden nei Brownsberg. No kaam de Mazda 4×4 echt goed fan pas, want wy moasten oer de hobbelichste en modderichste wei dêr’t ik ea op riden ha. Mar sa’t ik niis ek al sei, Steve-O ried der sûnder al te grutte muoite oerhinne.

Wy krigen fan Steve-O it oanbod om efter op de truck te sitten en te genietsjen fan de natuer. Dêr seine wy fansels gjin nee tsjin en sa sieten wy 40 minuten efter op de 4×4 wylst Steve-O ús nei boppen ried.

By Bergendal

By de húskes (op ûngefear 500 meter hichte) oankommen, hiene wy in fenomenaal útsicht. Neidat wy de tassen útpakt hiene, late Steve-O ús rûn oer it terrein. Underwilens kaam der in groep slingerapen lâns. Hartstikke prachtich om te sjen hoe’t dy troch de beamtoppen foarút komme.
Fuort neidat de nedige foto’s en fideo’s makke wiene, kaam der noch in oare groep apen lâns. Dy bestie út slim lûdrofte mar super gesellige Simia Hollandia (Latyn foar Hollânske apen). De groep genêskundich stazjêrs dy’t in tydsje lyn ek by Zus&Zo sieten, hiene dit wykein Brownsberg ek op it programma stean. Kaatje, Laura & ik hawwe in protte nije kontakten makke; o sa aardich!

Om 20.30 oere hinne wie it lykwols iterstiid en moasten ús wegen wer skiede. Steve-O hie hearlike nasy mei hin klearmakke en der bleau net ien ryskerrel oer. Om 22.00 oere besleaten wy om nei de top te rinnen dêr’t ús sliepplak wie. Mei hingelmatten en seiltsjes yn ’e earms rûnen wy yn ûngefear 20 minuten nei de 530 meter hege top fan de Brownsberg. Spitich wie dat it doe krekt begûn te reinen, dat wy koene net daliks de hingelmatten ophingje. Gelokkich duorje de buien hjir nea lang, dus koene wy nei ûngefear 15 minuten ús bedsjes opmeitsje. It wie foar my de earste kear dat ik yn in hingelmatte in hiele nacht trochbringe soe. Noch spesjaler dus! Doe’t alles ienkear stie en hong koene wy genietsje fan de prachtige stjerrehimel. Echt prachtich om dêr út de hingelmatte wei nei sjen te kinnen.

It opkommen fan de sinne sjoen út de hinelmatte wei

Nei in wat frisse nacht folge it moaiste momint fan de trip. It opgean fan de sinne om 06.45 oere hinne wie magysk om te sjen. In prachtige giel/oranje lucht dêr’tst gewoan út de hingelmatte wei yntins fan genietsje koest (sjoch ek foto foarside).

Om 09.30 oere hinne begûn de sinne lykwols flink te skinen en waard it tiid om ús guod wer op te romjen. Nei in koarte ‘chillsesje’ giene wy op wei nei de wetterfallen fan Brownsberg. Omdat wy mei in priveegids op paad wiene, koene wy nei de gruttere (en moaiere) wetterfallen ta. Werklik hiel relaxt. Wy hiene gjin lêst fan de Hollânske brulapen dy’t mei harren 2 folproppe buskes nei de saneamde toeristyske wetterfallen moasten.

Nei in kuier fan sa’n 20 minuten troch de tichte jungle kamen we op ít plak. In prachtige lokaasje, in echte lytse junglerivier mei lytse & grutte wetterfallen en ferskillende stikken djip wetter dêr’t hearlik yn baaid wurde koe. Dat allegear ûnder in prachtich blêdetek wêrtroch’t wy net libben ferbrânden, mar krekt lekker yn it skaad relaxe koene. Wy binne ûngefear 2,5 oere op dat magyske plak bleaun. Doe begûnen de magen op te spyljen. Mar foardat wy fuortgiene, bin ik noch mei Steve-O mei bleate hannen by de grutste wetterfal lâns nei ûnderen gien (35 meter) om noch te genietsjen fan dat prachtige byld.

Genietsje

Doe’t wy om 15.00 oere by de húskes werom kamen, giene wy wer efkes te relaxen & sliepen. Hearlik, de iennige lûden dy’t te hearren wiene, wiene dy fan sjongende fûgels en de wyn dy’t troch de beammen waaide…

Om ûngefear 18.00 oere moasten wy spitigernôch wer fuort, oars waard it te tsjuster om feilich by de berch del te gean (it is hjir om 19.00 oere gewoan tsjuster). Om goed 22.30 oere wiene wy werom by Huize Unu Pikin. In prachtich aventoer siet derop.

Mar wêrom is de trip fan Steve-O no sa spesjaal ferlike mei de echte toeristetrips? Steve-O is in ZZP’er dy’t net as doel hat om safolle mooglik winst te meitsjen. Quote fan op de weromreis: “Sadree’t ik fernim dat ik entûsjast wurd fan myn eigen trip en dat ik genietsje fan de prachtige natuer, makket it my neat út mei hoefolle minsken oft ik op stap gean en hoe grut oft myn winst dan is.” In prachtige útspraak, fyn iksels. Der sitte hjir tefolle buro’s dy’t neffens my krekt it tsjinoerstelde oanbiede…

De Surinaamske lippen

Steve-O nimt je mei nei unike plakken op syn trips, tink oan de wetterfal mar ek oan de hingelmatten en de Joadesavanne. Net ien oare organisator biedt dy kombinaasje oan. Steve-O is ek unyk wat startreeëns oangiet. Hy fertelde my dat er faak genôch trips makke hat mei mar ien of twa persoanen.

Steve-O is een echte natuerleafhawwer. Fan brulapen oant blaukleurige flinters of termitenêsten, hy wit oer alles wat te fertellen en docht dat dan ek altyd mei alle wille. Koartsein, komst ea ris yn Suriname, twivelje dan net en nim kontakt op mei Steve-O (Steven Oldenstam) foar in trip nei it binnenlân fan Suriname!

Takomme wykein sit ik yn Bigi Pan, ek in trip fan Steve-O. Wat Bigi Pan krekt is, kinne jim lêze yn myn folgjende en nei alle gedachten lêste of op-ien-nei-lêste blog. Oer in wike (5 july) sit ik nammentlik alwer yn it fleantúch werom nei Nederlân.

Oant moandei 4 july (of letter…)!

Stan

Diel 7 wurdt op 23 augustus publisearre.
augustus 17, 2017 08:12
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*