Frijwilliger by Unu Pikin (5)

augustus 12, 2017 14:00
De foargeande ôfleveringen fan dit reisferslach binne te finen troch yn it sykfinster ‘Frijwilliger by Unu Pikin’ te typen.

Blauwe loft…?

Einlik, einlik wurdt it waar stadichoan better. Wie it foarhinne de hiele dei griis en wiene der koarte, stevige buien, no is hieltyd faker de blauwe loft & de sinne te sjen! Krij ik noch wat in kleurke, dochs wol moai. De temperatuer giet dêr fansels ek troch omheech, mar it binne gjin grutte ferskillen yn temperatuer, alle dagen ‘mar’ om de 32 graden hinne 😉 

Stan Grosfeld
~ 24 / 06 / 2016 ~ 

De bananen fan Unu Pikin

Wat haw ik de ôfrûne dagen meimakke? Sneon 18 juny ha wy (Kaatje, Laure, Marcia & ik) earst efkes wat iten & dronken by restaurant Souposo, it wurk fan Marcia. In tige goed restaurant en o sa gesellich. Dêrnei giene wy troch nei de klups Tequilla en Ace en ha wy dy efkes ûnfeilich makke. In moaie jûn, ek al omdat je dan ek in soad Nederlânske stazjêrs tsjinkomme dêr’t je efkes in praatsje mei meitsje kinne. It foel my by sokke petearen op dat wol 85% fan harren yn de Prinsessestraat wennet. Dêr soe ik earst ek in hûs krije, mar troch de tsjintwurdige ekonomyske situaasje yn it lân (striemin) rûn it mei de hierprizen ynienen oer de hege skuon. Dêrom hie myn reisorganisator fan Papayaprojects besletten dat ik by Huize Unu Pikin in keamer krije soe. Dochs in bytsje spitich om dan te hearren dat sa’n soad Nederlanners fan myn jierren wol yn ‘myn’ strjitte wenje. Mar ja, as ik dêr wenje soe, soe ik wol 5 dagen yn ’e wike nóch betider derôf moatte en elke dei mar hoopje dat ik net oanriden wurde soe op myn fytske.

Oer it ferkear kin ik trouwens noch wol wat fertelle. Paramaribo is in platte, grutte stêd. Heechbou/flats komme der net foar en it sjocht der op guon plakjes aardich goed út, ôfwiksele mei wat houten, ynstabile huzen. It strjittepatroan is lykwols hiel oars as yn Nederlân. Kinst yn Nederlân frijwol elke strjitte ynslaan sûnder dêrtroch kompleet fan de rûte ôf te wiken, yn Paramaribo is it simpelwei in gaos. Der binne in pear grutte haadwegen dêr’t sawat alle ferkear op rydt en foar de rest binne der (faak) oan ien kant dearinnende sydweikes dy’t op dy haadwegen útkomme. Yn dy sydweikes soene strjitfuotbal-toernoaien holden wurde kinne, sa rêstich is it dêr. Op de haadwegen bist lykwols net wis fan dyn libben, alles en elkenien hellet inoar yn en dan leafst sa hurd mooglik mei, as it mar efkes kin, in lekker soad getoeter dertroch hinne. Ik haw gelokkich al aardich wat ûnderfining mei fytsen yn Utert opdien, dat stress foar ûngelokken hoech ik net te hawwen.

Op dolfinetoer

Wat haw ik fierder noch dien? Snein 19 juny haw ik mei de Belgyske froulju in dolfine- & sunsettoer dien. Ik ha dêr in pear prachtige foto’s fan sketten. En ja, wy ha dolfinen sjoen, super geweldich! Se wiene allinne wol wat skou, se doarden net echt tichtby de boat te kommen. Dêrtroch haw ik dêr gjin foto’s fan.

It wurkjen by Unu Pikin foldocht my noch hieltyd bêst. Ik kin it echt hiel goed fine mei de minsken fan de meubelôfdieling (Rowena en Sheldon), mar mei de oare minsken fan de wurkpleats praat ik uteraard ek elke dei wol efkes (Kenzo, Rivesh, Gregory en Romario). Ik doch nea alle dagen krekt itselde wurk. Der is elke dei wol wer in oare put of opdracht dy’t dien wurde moat.

Op weromwei

Moarnier betiid gean ik trouwens mei de Belgyske froulju nei Brownsberg (in natuerpark yn it binnenlân)! Wy geane op paad mei priveegids Steven, dy’t alles fan dat gebiet wit en dêr in grutte auto foar beskikber hat. Wy sille oernachtsje boppe-op de Brownsberg en snein ûnder mear kajakke en sa’n klimparkoers yn de beammen dwaan (mei fan dy kabelbanen & toubrêgen). Hiel soad sin oan! Kin ik myn swimbroek ek noch ris goed brûke; dat is der no noch net fan kommen. Iennich neidieltsje is dat ik gjin faksinaasje foar it gielekoartsfirus krige ha (makke op in basis fan hinne-aai, dêr’t ik tige allergysk foar bin). Neffens Steven gjin reden foar panyk: yn septimber & oktober is it langpoatefeest yn Brownsberg. Dochs sil ik myn dieetfleskes hielendal opmeitsje, better it wisse foar it ûnwisse.

By it ûndergean fan de sinne

Oant oer in dei of wat, dan komt it ferslach oer Brownsberg!

Stan

Oflevering 6 wurdt op 17 augustus publisearre.
augustus 12, 2017 14:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*