Feie Fonyk, kukeleku

augustus 3, 2017 12:58

 

 

Thús fan fuort west en dus heech tiid om ljocht skine te litten oer wûndere saken. De steapel âlde kranten haw ik fuortendaliks yn de âldpapierdoaze smiten en ik brûk gjin apparatuer dy’t my op ’e hichte hâldt fan wat der yn de wrâld bart. Sadwaande is my aldergeloks in soad ûntgien. Ik wit, soks is yn de eagen fan guon dy’t de hiele dei berikber, binne flokken yn ’e tsjerke. Wer thús, wurde wy bedobbe ûnder nijs. Sa blykt der fan alles te rêden te wêzen mei aaien.

Wat ik yn de fakânsje doch, dat is sa no en dan in aai ite. Boppedat wiene wy op in kamping mei hinnen. No haw ik al in skoft lêst fan snot. It rint my út de earen. Mei in heal ear hearde ik op Omrop Fryslân dat der wat mei hinnen oan ’e hân is. Dat blykt gelokkich gjin snot te wêzen. No wit ik net oft it mooglik is dat men dy snot fan hinnen krije kin, mar ik soe de gek mar net stekke mei wat ik skriuw, want in soad sykten binne oerdraachber fan bisten op minsken en dat komt trochdat minsken bisten binne.

Hawar, it blykt by dy hinnen net om in middel tsjin snot te gean, mar om fipronil. Ik hie der oant no ta net fan heard. It is in middel om luzen en oar ûngedierte dea te meitsjen. Dat fergif hie nea yn hinnehokken brûkt wurde mocht, want no sit it yn guon hinnen en ek yn de aaien dy’t sokke hinnen lein hawwe en lizze. Sûnder dat ik wit, haw ik miskien aaien iten mei fibronil. Oant no ta wie it my net opfallen dat op elts (?) aai in koade stiet. Sa is nei te gean wêr’t it aai weikomt. Wy hawwe op de aaien dy’t wy noch hawwe, sitten te stoareagjen nei it nûmer.

Ik hoopje net dat de hinnen de dupe wurde

Doe hearde ik Martijn Katan. Hy is heechlearaar en wit in soad fan iten. Neffens him moat men eltse dei in jier lang fiif aaien mei fipronil ite om der wat fan te krijen. Ik stean net yn foar de letterlike werjefte fan wat er sei, mar dêr komt it wol hast op del. Al mei al in soad drokte om neat.

Ik hoopje net dat ús earme hinnen de dupe wurde fan dy fipronilhype. Omdat de aaien wat langer wat dikker wurde, parsje se har de kont stikken. It giet ûnderwilens al om 320 aaien yn it jier. Se sitte mei syn tûzenen yn krappe romten en de measte konsuminten binne te beroerd om mear foar in aai te beteljen om dêr in ein mei te meitsjen oan sa’n skandalich en beroerd hinnelibben. Der komt by dat de helte fan de pykjes fan útbrette aaien ferneatige wurdt. Elts jier giet it om 45 miljoen hoantsjes. As ik in hin wie, soe ik oproppe ta in algehiele staking en fan hjoed ôf gjin aai mear lizze. Kukeleku !

 

augustus 3, 2017 12:58
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Knillus augustus 3, 16:36

    In hin dy’t kukeleku ropt is gjin hin, Feie! Oras binst aardich tûk as it giet om in mantsje of in wyfke, mar no twifelje ik dochs wol in bytsje oan dyn sekse-kunde….

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*