Feie Fonyk: jonges

augustus 10, 2017 12:05

fan Feie Fonyk

 

Der binne heiten en memmen dy’t harren jonkje in poppe jouwe en harren famke in trekker. Dat smyt meastal net in soad op foar de opfieding. Piter draait de poppe in skonk út en Klaske falt gûlend fan de trekker. It giet dan om âlden dy’t tinke dat de ferskillen tusken jonges en famkes oanleard wurde. Se wolle graach nei lykweardigens tusken manlju en froulju en dêr kinne je net betiid genôch mei begjinne.

Der binne ek minsken dy’t derfan oertsjûge binne dat jonges en famkes fan ferskillende dingen hâlde. Dêrom jouwe se harren jonkje autootsjes, swurden, skylden en ridders en harren famke in heechskonkige Barbie-dreamtopiaprinsesse mei in rôze en in grien jurkje, fierstente grutte eagen, kamkes, in spegel en oare dingen om mei te fimeljen. Ik bin mear fan de twadde groep, al griis ik fan Barbie, en ik bin bliid dat myn freondinne yn de fierste fierte net op sa’n misbaksel liket.

Mei “Laat jij jouw jongen genoeg jongen zijn” brocht de Sire-kampanje dy’t ein july begûn, de diskusje oer wat ‘nature’ en wat ‘nurture’ is op ’e nij oan de gong. Wat sit yn it aard en wat is oanleard? Ik bin derfan oertsjûge dat it measte yn de nature sit. Fansels hat opfieding ynfloed, mar minder as guon tinke.

Mear as tsientûzenen jierren lyn swurven lytse groepen minsken oer de ierde om. Oan lânbou diene se net of amper. Yn dy groepen fan jagers hiene de manlju en froulju elts harren eigen taak. De manlju giene op jacht en de froulju pasten op de bern. Soks slipet yn en feroaret net ûnder ynfloed fan wrâldferbetterders yn it twadde part fan de tweintichste iuw. Boppedat is de biology tusken manlju en froulju sichtber ûngelyk en dan haw ik it net oer wat yn de ûnderbroek sit.

Fansels hawwe de tsjinstanners fan de Sire-kampanje oer it begripen en stimulearjen fan it hâlden en dragen fan jonges in punt. Famkes moatte ommers ek risiko’s nimme, yn beammen klimme en oer sleatten springe. Dat nimt net wei dat de maatskippij wat langer wat minder begryp hat foar jonges. Troch de yndustrialisearring en automatisearring binne de ‘sterke manlju’ fan eartiids net mear nedich. Yn it basisûnderwiis steane allinnich noch froulju foar de klasse en dy hawwe mear begryp foar famkes dy’t stilsitte en harkje as foar beweechlike jonkjes dy’t fan bûtendoar en fuotbaljen dreame. Boppedat binne de ferskillen yn groepen grutter as tusken de groepen, want der binne jonges dy’t it leafst mei in boekje yn in hoekje sitte en famkes dy’t graach fuotbalje, sa’t wy koartlyn sjen koene en mei hok resultaat!!

 Dat nimt net wei dat der ferskillen binne en de jonges binne de dupe.

Yn ús moderne stêden is mear romte foar auto’s as foar bern. Wêr kinne bern en benammen jonges noch boartsje lykas hûndert jier lyn? It skynt dat in part fan de jonkje tsjintwurdich yn de stokken holden wurde moat mei medisinen as Ritalin. Der binne wittenskippers dy’t fan miening binne dat ADHD net bestiet. Yn dat ferbân is it lûd fan Angela Crott nijsgjirrich. Dy âld-ûnderwizeres en histoarika promovearre yn 2011 op it proefskrift Van hoop des Vaderlands naar ADHD’er. Het beeld van de jongen in opvoedingsliteratuur (1882–2005 ). Fan letter datum is Jongens zijn ’t. Van Pietje Bell tot probleemgeval. Yn dat boek út 2013 lit se dúdlik sjen dat jonges net it probleem binne, mar de feroare maatskippij, dy’t wat langer wat minder begryp hat foar hoe’t jonges har hâlde en drage.

De Sire-kampanje is dêrom in goede set. It bringt de diskusje op gong en laat der hooplik ta dat der mear begryp komt foar de ferskillen dy’t der no ien kear binne tusken jonges en famkes. Dêr moat thús rekken mei holden wurde, mar noch mear yn it ûnderwiis. Dêr giet it net goed. Jonges helje legere sifers, heakje earder ôf om fan slimmer net te praten.

In oplossing is net ienfâldich. Ja, mear manlju foar de klasse, mar wêr fine je dy? Ik haw wolris heard dat manlike pabo-studinten mislik waarden fan de ‘selsrefleksje’ en oare terapeutyske Happinez-healwizichheden yn harren stúdzje. Soks liket my mear wat foar sêfte pabo-famkes. Mei stevige manlju foar de klasse soe it Ritalingebrûk aardich mindere wurde kinne. Dêr is men der net mei. As ik master wie, soe ik nei in oere stilsitten tsjin de bern sizze: “Kom, wy geane nei it plein om in rûntsje te draven.” Neffens my soene famkes soks ek graach dwaan. Sa grut binne de ferskillen no ek wer net.

 

 

 

 

augustus 10, 2017 12:05
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*