‘Fear’ foar Bakkerij De Groot Stiens

augustus 21, 2017 13:30

Bakkerij Nico en Aeltsje de Groot fan Stiens wint dit jier de Fear yn ’e broek foar it omgean mei it Frysk. Yn de kommunikaasje nei bûten ta makket de winkel altyd wer dúdlik dat it Frysk wolkom én gewoan is. Nico en Aeltsje en it personiel brûke it Frysk sels ek it meast yn de kontakten mei klanten. Dêrtroch wurdt der yn de praktyk in soad Frysk praat (sawol troch personiel as klanten) en leit de drompel foar it brûken fan de Fryske taal tige leech. De Ried fan de Fryske Beweging wol de sichtberens fan it Frysk yn it deistich libben befoarderje. Dêr is Bakkerij De Groot fan Stiens in hiel goed foarbyld fan. Dat allegear mei-inoar is reden genôch om ‘Bakkerij Nico en Aeltsje de Groot’ yn it sintsje te setten.   

It sizzen yn guon media dat nimmen wat docht foar it Frysk doocht dus perfoarst net. Sa is by bakkerij De Groot de hiele Facebook-side ynklusyf teksten sawat folslein yn it Frysk (https://nl-nl.facebook.com/BakkerijNicoEnAeltsjeDeGroot/). Yn de bakkerij sels binne ek in soad skriftlike teksten yn it Frysk (by de ferskate produkten). In soad meiwurkers behearskje it Frysk aktyf en dat wurdt ek gewoan brûkt by de kontakten. Ferstean kin elkenien it (neffens de waarnimming fan de Ried fan de Fryske Beweging). Fierder binne de filmkes op de Facebook-side yn it Frysk en binne advertinsjes, nijsbrieven en oantsjuttingen allegear yn it Frysk. En dat yn it forinzeplak Stiens.

Op 31 augustus middeis om 14.00 sil de priis útrikt wurde, yn de Bakkerij sels. Fear yn ‘e Broek is in priis dy’t ynsteld is troch de Ried fan de Fryske Beweging. De Fear wurdt útrikt oan persoanen en ynstellingen dy’t har tige fertsjinstlik makke hawwe op it mêd dêr’t de Ried fan de Fryske Beweging him foar ynset. Earder waard de Fear ûnder oare útrikt oan it Berne-iepenloftspul fan Easterwierrum, oan Arno Brok, oan Aaipop, de Ortodontsypraktyk yn Ljouwert, oan Skilje (Fryske telefoantsjinst) en ferline jier oan it Gysbert Japicxhûs.   

augustus 21, 2017 13:30
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.