De tiid hâldt skoft (gedicht)

augustus 12, 2017 07:00

De tiid hâldt skoft

ik wachtsje mar wylst
de tiid trochrint
lykas it kofjesetapparaat
000000tuike tuike

ik drink it net
mei it net
wol my net brâne

ik wit it wol, de oaren en sokssawat, mear lef minder skrutenens mear
doel oer hoe en wat en wannear en mei wa. Mar wêrom en wêrhinne

it rint sa’t it rint ik slút myn eagen
set de tiid stil op it plak dêr’t ik wol

yn ús holle binne wy God
mar net mear wurdich as de kat
en folle minder as de tiid

Elizabeth Kooy

augustus 12, 2017 07:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*