De skatten fan Tresoar

augustus 10, 2017 19:08

Foto: Tresoar

Fergeze rûnlieding eltse lêste tongersdei fan de moanne.

Hoe sjocht de wrâld ûnder de stúdzjeseal derút? Wat is it âldste boek fan Tresoar? Hokker skatten lizze noch mear yn de katakomben? Hoe bringt Tresoar goed tritich kilometer papier yn it depot op oarder? Tresoar organisearret eltse lêste tongersdei fan de moanne in rûnlieding troch de magazinen fan Tresoar en dan krije de besikers antwurd op dy fragen.

Om 14.00 oere begjint in rûnlieding fan fiif kertier. Nei ôfrin stiet der kofje en tee mei wat lekkers klear. It dielnimmen is fergees. Op de dei sels kinne belangstellenden har melde by de resepsjebaly. Oanmelde kin fia ynfo@tresoar.nl of telefoanysk fia 058 – 7890792 of 058 – 7890740 of fia de webside fan Tresoar.

augustus 10, 2017 19:08
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*