Brein fan froulju aktiver as dat fan manlju

augustus 11, 2017 13:43

Foto: pixabay.com

Wittenskippers bestudearren mear as 46.000 SPECT-scans dy’t yn njoggen ferskillende kliniken makke wiene. Mei help fan dy scans waard de bloedstream yn it brein fan 119 sûne minsken en 26.683 minsken mei psychiatryske problemen (fan ADHD oant stimmingswikselingen en fan bipolêre steurnissen oant skizofreny) ynsichtlik makke. De bloedstream fertelt mear oer de aktiviteit yn spesifike parten fan de harsens. De scans wiene makke wylst proefpersoanen rêsten of ferskillende kognitive taken útfierden.

Aktiver brein
Ut it ûndersyk docht bliken dat de measte harsengebieten fan froulju signifikant aktiver binne as dy fan manlju. Dat jildt benammen foar de perfrontale korteks – in part fan it brein dat fan belang is foar de konsintraasje en ympulsbehearsking – en it limbysk systeem – in part fan it brein dat belutsen is by emoasjes en eangst. De fisuele en koördinearjende harsengebieten wiene by de manlju wer mear aktyf.

Wichtich ûndersyk
De stúdzje jout mear ynsjoch yn de ferskillen dy’t der binne tusken de harsens fan manlju en dy fan froulju. “Dit is in wichtich ûndersyk”, stelt Daniel G. Amen. De kwantifisearbere ferskillen dy’t wy tusken manlju en froulju identifisearre ha, binne wichtich foar it begrip en fan it op geslacht basearre risiko op harsensteurnissen lykas de sykte fan Alzheimer.” Undersyk wiist bygelyks út dat Alzheimer faker foarkomt by froulju. Boppedat blike froulju fetberder te wêzen foar depresjes en eangststeurnissen, wylst ADHD en antysosjale gedrachssteurnissen bygelyks wer folle faker ûnder manlju foarkomme.

Ferklearrings
It ûndersyk kin boppedat in tal ferskillen tusken it gedrach fan manlju en froulju helpe te ferklearjen. Sa is bygelyks op basis fan de harsenaktiviteit goed te ferklearjen wêrom’t froulju empatysker binne en mear selskontrôle hawwe. De ferhege bloedstream yn it limbyske systeem kin wer foar in part ferklearje wêrom’t froulju fetberder binne foar eangst, depresje, sliepeleazens en ytsteurnissen, sa stelle de ûndersikers yn it blêd Journal of Alzheimer Disease. It ûndersyk kin úteinlik liede ta behannelings op mjitte, wêrby’t it brein fan manlju krekt wat oars oanpakt wurdt as dat fan froulju.

Fierder litte hieltyd mear ûndersiken sjen dat organen dy’t yn it manljuslichem sitte lang net altyd te ferlykjen binne mei deselde organen yn it frouljuslichem. Sa blykt it hert fan manlju bygelyks krekt wat oars te ferâlderjen as dat fan froulju en kin in hertynfarkt by froulju mank gean mei hiel oare symptomen as by manlju. Undersikers hawwe ek sjen litten dat it manljusbrein in oare betriedding hat as it frouljusbrein. It lit sjen hoe wichtich it is om man- en frouferskillen yn alle fazen fan wittenskiplik ûndersyk mei te nimmen.

Boarne: scientias.nl

augustus 11, 2017 13:43
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*