‘Breedbyld’ moat werom!

augustus 16, 2017 20:00


fan Frâns Kuipers

 

Eelke Lok fan Omrop Fryslân hâldt der op 5 septimber 2017 mei op. Hy is dan 65 jier. Eelke ferlit as ynterviewfenomeen it Fryske sjoernalistepoadium. Hy sjocht út nei syn frije tiid! Hy is klear mei de hjoeddeiske ‘Twitter-sjoernalistyk’: “Alles moat koart, fluch en goedkeap! Der is gjin jild foar goeie sjoernalistyk fan/foar Omrop Fryslân.”

Syn fuortgean ropt by my nostalgyske oantinkens op. Ik tink oan de tiid dat iksels steatelid wie foar it CDA. Ik tink oan in tal promininte CDA-steateleden yn dy tiid – 1992-2007 – lykas: CDA Monie Brandsma, Henk Pruiksma, Piet de Jager, Hidde Visser, Inne Heerma, Afra Schouten, Jan Ploeg of Joop Atsma. Of oan promininte PvdA’ers Bareld de Vries, Hanna Ludwig (ferstoarn), Anita Andriessen (ferstoarn), Mieke Minkes, Bertus Mulder, ensafierder. Oan ‘little’ Marijke Waalkens fan de VVD en Willem Verf fan GrienLinks. Wat hawwe wy inoar ‘oanflein’ yn de politike debatten. It gie ús om sosjaal-ekonomyske foarútgong, om it fersterkjen fan it ûnderwiis en ús Fryske taal en kultuer as krêft fan Fryslân. It wie yn ús eagen allegearre o sa belangryk. Hoe kaam dat sa? Wa makke ús wurk – foar ús gefoel – sa belangryk? Dat kaam ûnder oaren troch Eelke Lok. Hy presintearre it praatprogramma Breedbyld.

Dat wie in libben programma, mei Steateleden yn de skandebankjes en fertsjintwurdigers fan organisaasjes yn de oanfal. Geweldich! Eelke wist hiel goed wat der allegear spile, wêr’t de mieningsferskillen sieten, ensafierder. Hy wist ‘van de hoed en de rand!’ In stikmannich taharkers sieten op de publike tribune. Tink oan de hjoeddeiske NPO-útstjoeringen fan Jinek of Pauw.

Op dy wize kaam de provinsjale polityk goed foar it ljocht. Wy koene as steateleden ús ‘de kont der net samar útwine’, sa’t no in protte politisy wend binne om te dwaan. Hja sizze no meastal neat, binne deabenaud om wat ta te sizzen. Dat wurdt harren oanleard troch moderne debattrainers. It motto is: Neat sizze, alles iepen litte, sizze dat men it goed begrepen hat, sizze dat der nochris nei sjoen wurde sil.

Wy krigen (of namen) folle mear persoanlike frijheid om yn rjochtstreekse petearen ús politike miening te sizzen of oplossingen oan te jaan. Wy wiene der doetiids perfoarst net om hantsjes te jaan, om breed laitsjend op foto’s te stean, om twitters om te stjoeren, om likes of fotokes op facebook of op twitter te setten. Trump en Wilders witte dêrmei fuort te kommen, dus “wa bin ik om hjir wat fan te finen?”

Hoe dan ek: Provinsje Fryslân en Omrop Fryslân, set Breedbyld sa gau mooglik wer op priemmen!

Frâns Kuipers wie fan 1992 oant 2007 steatelid foar it CDA.

Opmerking efternei: 2017 hie 2015 wêze moatten. Redaksje/FK

augustus 16, 2017 20:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*