Wêrom sa hastich?

july 12, 2017 08:33

troch Jabik van der Bij

 

Yn 2016 hat de Fryske Akademy ûndersocht hoe’t it der mei it Frysk foarstiet. De útkomsten kinne ferlike wurde mei soartgelikense ûndersiken yn 1969 (Pietersen), 1984 en 1994 (beide troch de Fryske Akademy). Sa kin besjoen wurde oft it Frysk foarút- of efterútbuorket. Juster is der in tipke fan de wale optild en waarden in stikmannich konklúzjes buorkundich makke. De Ljouwerter Krante en Omrop Fryslân joegen der omtinken oan, wylst de thússide fan de Fryske Akademy in koarte taljochting jout. Foar de bûtensteanders falt it net ta om dêr in skerp byld út te krijen hoe’t it lân derfoar it Frysk no krekt hinne leit, omdat der noch gjin ûndersyksrapport beskikber is.

Sietske Poepjes

Ut it ferslach fan de LC moat opmakke wurde dat deputearre Poepjes derop oanstien hat om no mei resultaten nei bûten te kommen. Dat makket jin erchtinkend. Hokker belang hat Poepjes derby om dizze simmer in heal ferhaal de wrâld yn te stjoeren? Moat se dêrmei bewize dat har ynspanningen fertuten dogge? Dizze deputearre mei harsels graach in fear yn ’e broek stekke. Men soe it hast tinke as je de lêste sin fan it artikel yn de LC goed yn je opnimme: “Volgens Poepjes is daarmee bewezen dat de provincie een belangrijke rol speelt” (yn it Hollânsk!!! Of is se ferkeard sitearre?). Wêr’t se dy konklúzje weihellet, Sietske mei it witte. Krekt dêrboppe seit de foarsichtige ûndersiker, Edwin Klinkenberg, noch dat it net dúdlik is wat it effekt is fan de provinsjale ynspanningen, mar Poepjes slacht harsels al op it skouder.

Dan it ûndersyk sels. It is nuodlik om dêr wat oer te sizzen. Men hat it hiele rapport net yn hannen. Wy moatte de útspraken dy’t dien wurde mar oannimme op gesach fan de ûndersikers. Koppen yn kranten en op hiemsiden bliuwe fansels it langst en miskien wol as iennichste hingjen. It is dan wol fan belang dat sa’n kop de lading dekt en dat dy kontrolearre wurde kin. De kop yn de LC “Fries gaat minder snel achteruit dan gedacht” blykt by fierder lêzen benammen in ôfsetten te wêzen tsjin it ferline jier ferskynde rapport fan Geert Driessen. Dy konstatearre in grutte efterútgong fan alle dialekten yn Nederlân en fan it Frysk ek. Dêr is bot oer beard troch de minsken dy’t oan it beliedstou lûke. It die bliken dat it lang net altyd moai waar en lange dagen wie mei it Frysk. Klinkenberg konstatearret ek in efterútgong. Dochs set ik fraachtekens by dat “minder snel achteruit”. As ik sjoch dat yn earste ynstânsje mar 10% fan de fragelisten weromkaam en nei oantrunen nochris 5%, dan bliuw ik dochs sitten mei de fraach wat yn de wittenskip de represintaasje fan de stekproef is. Mei oare wurden, is dit wol in trochsneed fan alle ynwenners fan Fryslân? Klinkenberg seit dêr sels oer dat yn dy te lytse (?) stekproef de âlderen en de Frysktaligen oerfertsjintwurdige binne. Dat wie te ferwachtsjen: Frysktaligen hawwe mear belang by it ynfoljen fan de fragelist as de net-Frysktaligen. Alderen hawwe mear tiid en fiele harren earder ferplicht om mei te dwaan. Sa kriget men maklik in skeef byld fan de situaasje fan it Frysk. Ik moat no myn oardiel mar efkes útstelle oant alle antwurden ferwurke binne en it rapport ferskynd is. Ik ried de Steaten oan om Poepjes te behinderjen moai waar te spyljen mei dit noch net-folwoeksen ûndersyk.

july 12, 2017 08:33
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Cor Jousma july 15, 11:34

    Yn it Deiblêd fan 13 july hat Goffe Jensma in hiel nijsgjirrich stik. Miskien kin immen fan de redaksje soks ek nei It Nijs helje?

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*