Wat dogge wy mei de Kim’s ?

july 10, 2017 08:29

Kim Jong-un. Foto Wikipedia

Noard-Korea kin no mei in raket al oan Alaska ta komme en se wurde yn Amearika aardich benaud. Se hoopje dat Sina ekonomyske druk útoefenet, mar dêr sille se har ek wol net sa noflik fiele mei harren frjemde kammeraat, want sa’n raket is noch folle earder yn Peking. In oare mooglikheid is dat in drone in robotsje dumpt, dat stiltsjes in fergiftich spjeldtsje yn Kim Jong-un syn skuon stekt. Mar dan soe Noard-Korea fansels hielendal op de efterste poaten stean.

Wer in oar draaiboek is, dat Amearika dochs fan klearebare eangst yn it suden oanfalt en de Sinezen harren kammeraat dan út it noarden wei ‘helpe’, dat is te sizzen de grutste ûnferstannen dêr oan ’e kant skowe. Ja, dan is dat probleem wer oplost. Mar dan binne wy der noch net, want sokke figueren kinne maklik wer opstean. Hitler soe doedestiids ek wol in atoombom op Londen smiten hawwe wolle, dan wie syn probleem ‘England’ ek út ‘e wrâld.

Dêrom is der mar ien goede oplossing: wy moatte gewoan soargje dat sokke ekstremisten net oan ‘e macht komme. Dat wol sizze: wy moatte soargje dat de foar harren geunstige omstannichheden net ûntsteane. En dan sjogge wy dat it kommunisme ûntstien is troch de grutte ûngelikensens yn it tsaristyske Ruslân. En Hitler koe oan ‘e macht komme troch de foar in protte minsken aaklike gefolgen fan de krisis fan de tritiger jierren. En hjoed-de-dei sjogge wy wer alderhande ekstreme bewegings as reäksje op ‘e waaksende ûngelikensens: gâns bern groeie op yn earmoede, wylst grutte sakelju swimme yn ‘e miljarden.

Fyftich hier lyn wie alles folle better. Der wie wurk genôch en de wolfeart naam foar de measten hieltyd ta. Myn generaasje hat dêr geweldich fan profitearre. Dat gunt men de minsken fan no ek. En yn elk gefal leaver as de ûndergong yn in atoomoarloch. Dus lit ús betinke hoe’t it better kin!

pyt

july 10, 2017 08:29
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Doeke Vaartjes july 11, 22:19

    In de jarrekolk smijten ben ik van bedenken.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*