Tsiisboer besiket tylt fan seewier út de Waadsee

july 15, 2017 18:38 Fernijd

Foto: morguefile.com

It is noch mar in lytsskalich eksperimint, dochs is Flylanner Nils Koster him bewust fan de útdagings dy’t aanst op syn paad komme. Hy set meikoarten útein mei it tyljen fan seeslaad yn de Waadsee. Koster is eins tsiisboer. Hy brûkt it seewier al jierren yn syn produkten. Oant no ta helle er it út see, mar no sil it sels kweekje. De seewierynstallaasje bestiet út net mear as in simpele kweekline dy’t yn it wetter fêstholden wurdt troch boeien. Op de kweekline groeit seeslaad, it soart seewier dat yn de Waadsee en Noardsee in protte foarkomt.

Op it stuit wurdt de seewiertylt yn Nederlân foar it grutste part yn de Easterskelde, de Noardsee en op Teksel dien. Seewier is in nijsgjirrich produkt, om’t it ryk is oan aaiwiten, brûkt wurde kin as basismateriaal foar boumaterialen en as grûnstof foar produksje fan enerzjy. Seewier wurdt ek sjoen as ‘nij fiedsel’ om de groeiende wrâldbefolking yn ’e takomst fan iten te foarsjen.

It eksperimint fan de Flylanner tsiisboer wurdt yn oktober evaluearre. Dan wurdt besjoen oft er deryn slagge is om seeslaad te kweekjen, sûnder it ekosysteem skea ta te bringen. Yn dat gefal wurdt de kweekopstelling foar it seewier mooglik útwreide mei langere kweeklinen. De gemeente Flylân is hoopfol en sjocht it tyljen fan seewier as nije ynkomsteboarne foar it eilân, dat no foar njoggentich persint ôfhinklik is fan toerisme. It Ministearje fan Ekonomyske Saken hat koartlyn fiif miljoen euro beskikber steld foar ûndersyk nei seewier.

july 15, 2017 18:38 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*