Sweltsjes

july 15, 2017 07:00
It ûndersteande gedicht krigen wy tastjoerd nei oanlieding fan ús oprop om kreative bydragen.
Mear gedichten en ferhalen binne wolkom. Wy sette alle sneonen ien yn de rubryk Ferdivedaasje. Redaksje It Nijs

Sweltsjes op ’e line. Foto: Sjoerd F. Talsma

Sweltsjes

As de maitiid hast fan doel is
om yn ’e simmer oer te gean
is der troch de bisten mei wjukken
al in hiel protte wurk ferset.

Ien sweltsje is noch gjin simmer
mar mei seis oft sân nêsten fol
wurdt it in prachtige simmer
mar se hâlde no ús line beset.

Safolle hie ik noch nea sjoen
tritich jonkjes en âlden
want sûnder heit en mem
wiene de jonkjes der net.

Sjoerd F. Talsma

 

 

july 15, 2017 07:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*