Spaanske rjochter ferbiedt stipe foar Katalaansk

july 10, 2017 21:38

De spannings tusken Kataloanië en de sintrale Spaanske oerheid binne al heech yn de oanrin nei in referindum oer ôfskieding fan 1 oktober. Spaanske rjochters hawwe mear oalje op it fjoer getten troch ferskate regionale taalwetten ûnjildich te ferklearjen.

It Spaanske Heechgerjochtshôf hat ferline wike oardiele dat fjouwer Katalaanske wetten net tastien binne. It giet om in bioskoopwet, in ymmigraasjewet, in konsumintewet en in mediawet.

Neffens de bioskoopwet soe de helte fan alle films yn Katalaanske bioskopen yn it Katalaansk wêze moatte. Yn Spanje wurde bûtenlânske films neisyngronisearre, dat yn it Katalaansk ynprate Hollywoodfilms telle ek mei as Katalaansktalich. De rjochters hawwe dat oandiel ferlege ta in fearnspart.

Neffens de ymmigraasjewet soenen ynboargerinskursussen foar bûtenlanners dy’t har yn Kataloanië nei wenjen sette begjinne moatte mei it Katalaansk. Pas as de nijkommers dêryn in beskaat nivo hawwe, soe oerstapt wurde op it Spaansk. Om’t it Spaansk mear status hat, bestiet neffens de Katalaanske oerheid oars it risiko dat nijkommers allinne mar Spaansk leare. Neffens de rjochters fertraget de wet it oanlearen fan it Spaansk allinne mar.

De konsumintewet hie derfoar soargje moatten dat bedriuwen altyd twatalich kommunisearje kinne. Opskriften moatte yn twa talen wêze en meiwurkers dy’t mei klanten te krijen hawwe, moatte twatalich wêze. De rjochter oardiele dat de boetes dy’t Kataloanië oplizze wol oan ûnwillige bedriuwen net neffens de wet binne.

De mediawet hie as doel om it Katalaansk de wichtichste taal fan ’e publike omrop te meitsjen yn Kataloanië. De rjochters oardielen lykwols dat Kataloanië sa’n wet meitsje moat, mar dat der dan in garânsje ynboud wurde moat dat de omroppen it Spaansk net folslein falle litte.

july 10, 2017 21:38
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.