SIRE: “Jonges moatte stoeie en drok dwaan”

july 25, 2017 10:22

Foto: pixabay.com

“Litte jo jonges noch wol jonge wêze?” Dat is it boadskip fan de nije kampanje fan SIRE oer de omgong fan grutbringers yn Nederlân mei jonges. De kampanje bestiet út bylden fan stoeiende en wyldzjende jonges dy’t risiko’s nimme, mei de fraach oft wy se genôch romte jouwe foar har ûntwikkeling. SIRE hat de fraach ek foarlein oan âlden en út har antwurden docht bliken dat dy ek fine dat jonges (thús) mear romte krije moatte. 44 persint fan de âlden seit dat it spesifike hâlden en dragen fan jonges, lykas drok dwaan en stoer dwaan, ûnderdrukt wurdt yn de hjoeddeistige maatskippij.

“Jonges en famkes binne lykweardich, mar net itselde”, seit SIRE-direkteur Van der Helm. “Mei de kampanje wolle wy in diskusje op gong bringe dy’t der hooplik foar soarget dat jonges de romte krije om har te ûntwikkeljen op de manier dy’t it bêste by harren past.”

Neffens wittenskippers moat yn it ûnderwiis ek mear omtinken komme foar de ferskillen yn ûntwikkeling tusken jonges en famkes, bygelyks foar de wize wêrop’t se leare. De wittenskippers warskôgje foar it gefaar dat jonges, as sy te folle ôfremme wurde, ek ôfremme wurde yn har ûntwikkeling. Dan ferlieze se gauwer har konsintraasje, wurdt de motivaasje minder en geane harren prestaasjes efterút. Jonges krije fjouwer kear faker de diagnoaze adhd as famkes en krije dêr fiif kear faker medisinen foar.

“Jonges leare fan natuere troch te besykjen. Dêr moat de romte foar wêze, want dy manier fan ûntwikkeljen komt goed fan pas as se folwoeksen binne”, seit evolusjonêr psycholooch Mark van Vugt fan de Frije Universiteit Amsterdam.

Skoalle
Op skoalle wurde jonges neffens wittenskippers trije kear sa faak teplak set foar itselde hâlden en dragen as famkes en trije kear safolle jonges as famkes folgje spesjaal ûnderwiis foar bern mei gedrachsproblemen. Famkes wurde op skoalle folle positiver oankommen troch harren better ûntwikkele sosjale feardichheden. De ôfrûne trije jier hawwe se yn trochsneed in hegere skoare helle by de eintoets yn groep 8 en hja krigen dan ek faker in heger skoaladvys as jonges.

Gedrachsdeskundige Lauk Woltring seit: “Hoewol’t ‘de jonge’ net bestiet, is der in tendins dat jongesgedrach minder wurdearre wurdt yn ús maatskippij. Wy remje jonges soms te folle ôf yn har hâlden en dragen, sa leare sy minder út eigen ûnderfining en dat remmet harren yn har ûntwikkeling.”

Om jonges op skoalle better skoare te litten, moatte der mear manlju foar de klasse komme, sizze de âlden. Se wolle ek dat der op skoalle mear romte komt foar beweging. Neist de kampanje lansearret SIRE in webside mei feiten en tips fan eksperts.

 

 

july 25, 2017 10:22
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.