Rjochter: Katalaansk moat wichtichste taal fan Falensia wurde

july 15, 2017 17:52

Falensia yn Spanje. (Kaartsje: Wikipedia)

De Spaanske dielsteat Falensia moat it Falensiaansk as wichtichste offisjele taal brûke. Dêrneist is it gebrûk fan it Spaansk tastien. Dat hat de heechste rjochter fan Falensia ôfrûne wike oardiele.

It Katalaansk (dat yn Falensia almeast ‘Falensiaansk’ neamd wurdt) is formeel de offisjele taal fan Falensia. Gebrûk fan it Spaansk is dêrneist wetlik tastien yn offisjeel gebrûk. Yn ’e jierren njoggentich hat de Falensiaanske oerheid de klam fan it Spaansk stadichoan wat opskood nei it Katalaansk. Op ’e measte basisskoallen wurdt it Katalaansk as wichtichste fiertaal brûkt. Learmateriaal is meastal ientalich Katalaansk. Dochs spilet it Spaansk noch de haadrol yn ’e skriftlike kommunikaasje fan ’e oerheid. Oars as yn Kataloanië beskôgje de measte Falensianen it Katalaansk benammen as sprektaal.

It Falensiaanske regear wol it Katalaansk stadichoan wier as wichtichste taal brûke, neffens de wetlike regels. It fakbûn CSIF hie dêr beswier tsjin en spande in rjochtssaak oan. Neffens de rjochter hat de oerheid de wet oan syn kant. Dat betsjut dat ientaligens in hieltyd grutter probleem wurdt foar minsken dy’t as amtner oan it wurk wolle. De aksje fan CSIF is opfallend, om’t trije oare fakbûnen yn 2014 just aksjefierden foar mear gebrûk fan it Katalaansk troch de Falensiaanske oerheden. Neffens harren wie it net terjochte dat Katalaansktaligen har yn it kontakt mei amtners ferbrekke moasten. Hja fierden yn it ferline ek aksje foar it ûntfange kinnen fan radio- en televyzjestjoerders út Kataloanië.

It noarden en easten fan Falensia is yn grutte mearderheid Katalaansktalich. Yn it westen en suden fan ’e dielsteat is Spaansk de dominante taal. Likernôch de helte fan ’e Falensiaanske befolking kin goed of perfekt Katalaansk prate. Likernôch in fearnspart fan ‘e Falensianen kin de taal goed of perfekt skriuwe. Trochdat de taal de fiertaal op skoallen is, nimt it gebrûk fan it Katalaansk by de jongste generaasje ta, benammen yn de streken dêr’t it Katalaansk dochs al sterk stie. Foar ymmigrantebern is it faak de dominante taal, dy’t se ek mei freontsjes en freondintsjes prate.

july 15, 2017 17:52
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*