Regina Bouius-Riemersma nije direkteur provinsje Fryslân
Resint ferskynd
Regina Bouius-Riemersma (48) út It Hearrenfean is troch it kolleezje fan Deputearre Steaten beneamd ta provinsjesekretaris en algemien-direkteur fan de provinsje Fryslân. Se is no noch direkteur by it Universitêr Medysk Sintrum Grins. Dêr is se foarsitter fan it direksje-oerlis. Yn oktober sil se by de Provinsje oan ’e slach.
Earder wie Bouius-Riemersma ûnder mear gemeentesekretaris fan Swol. Se hat ek wurke by ministearjes. Se wie doe haaddirekteur Tsjinstferliening by DUO en plakferfangend direkteur-generaal by it Ministearje fan Underwiis, Kultuer en Wittenskippen. Se wie ek direkteur Asyl by de Ymmigraasje- en naturalisaasjetsjinst IND. Yn Fryslân wie se wurksum as foarsitter fan de Ried fan Bestjoer fan thússoarchorganisaasje Het Friese Land.
By de provinsje sil se ûnder mear fierder mei de oanpassingen yn de organisaasje dy’t liede moat ta it opjeftestjoerde wurkjen: in op resultaat rjochte wurkwize. By oare organisaasjes dêr’t se aktyf wie, wurke se dêr ek op dy wize.
It kolleezje fan DS sjocht yn frou Bouius in belutsen en entûsjaste algemien-direkteur dy’t de kennis en feardichheden hat om te soargjen dat de provinsjale organisaasje de mienskip, Provinsjale Steaten en DS optimaal betsjinje kin. De nije direkteur is berne yn Middelburch, mar hat it Frysk as memmetaal. Se wie de unanime kar fan sawol de advys- as de seleksjekommisje. As provinsjesekretaris wennet se de gearkomsten fan Deputearre Steaten by en soarget se foar de ferbining tusken DS en de amtlike organisaasje. As algemien-direkteur stjoert se de amtlike organisaasje oan. Tegearre mei de hear Arie Piet (direkteur operaasjes) foarmet se fan oktober ôf it direksjeteam.
It plak fan provinsjesekretaris en algemien-direkteur kaam frij nei it ôfskied fan de hear Guus van den Berg. Dy gie yn maaie as ynterim-gemeentesekretaris werom nei Saanstêd. De hear Willem Jan van Elsacker nimt de kommende moannen de funksje waar. De hear Piet hat dat de ôfrûne moanne dien. Sy binne beide al yn provinsjale tsjinst.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje