Omtinken foar hûs Waling Dykstra yn Holwert

july 11, 2017 08:49

It fertutearze hûs fan Waling Dykstra yn Holwert (foto: Syds Wiersma)

Nei alle gedachten wurdt der in komitee oprjochte foar restauraasje en behâld fan it hûs yn Holwert dêr’t de ferneamde Fryske skriuwer Waling Dykstra wenne fan 1861 oant 1909. Syds Wiersma freget op Facebook omtinken foar it slim fertutearze hûs oan de Hegebuorren.

It hûs dêr’t de Fryske skriuwer Waling Dykstra (1821-1914) hast fyftich jier wenne, is in púnfal. Ruten ynkinkele, plafonds oan it trochhingjen, doarren en kezinen der heal útsloopt. It hûs is te keap. Wiersma jout de suggestje dat de provinsje it hûs opkeapet en der in ‘writers in residence’-hûske fan makket. “Prachtplak om te skriuwen, rizende simmermoarnen te besjongen en op jûnenochten by it Waad lâns te swalkjen. Soad kreätive geasten yn Holwert, Amelân in hoannestap, Dokkum en Ljouwert in healoerke mei de bus. Foar oardel ton en de ynset fan wat handige frijwillige literatuerleafhawwers is Fryslân in skriuwershûske riker en wurkje wy oan ús Legacy. Ien ding is dúdlik, dit kin sa net. Dit fertsjinje Waling-om, Holwert en de Fryske literatuer net. Wa docht hjir wat oan?! Wy hawwe dochs in Waling Dykstra Stichting? Tresoar, Lân fan Taal.”

It berjocht fan Wiersma kriget op Facebook in protte ‘likes’ en byfal fan ûnder oare Goffe Jensma en Abe de Vries. Sy binne ree en entûsjast om sit te nimmen yn in komitee foar restauraasje en it yn eare hâlden fan it hûs fan Waling Dykstra. Mooglik kin oansluting socht wurde by Lân fan Taal en/of it projekt Holwert oan See.

july 11, 2017 08:49
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*