Muzykteaterfoarstelling ‘Driesprong’ no tongersdei yn Akkrum

july 16, 2017 19:31

De eardere Menistetsjerke yn Akkrum (foto: Yoga Your Day)

Op tongersdei 20 july fan 20.00 oant 22.00 oere jout muzykteatergroep Didgbase in bysûnder optreden mei didgeridoo’s, clapsticks, gedichten en pentjakdûns (in soart dûnsjende yoga). Dat sil wêze yn yogastudio Yoga Your Day yn de eardere Menistetsjerke oan de Buorren 1 yn Akkrum. De yntree is € 2,50, foar bern fergees.

De pentjakdûns dy’t fertoand wurde sil, is in inerlike kriichskeunst út Yndonezië dy’t syn oarsprong hat yn Yndia. Pentjak is in fysike en mentale training ôfkomstich fan de Vishnu-mûntsen út Yndia, hja ûnderholden lichem en geast troch dy fjochtkeunst. It gefjocht oangean mei jesels sadat it lichem en de geast himmele wurde en der harmony ûntstiet. As fjochtdûns is it ien fan de sierlikste martial-artfoarmen dy’t der bestean.

It ferhaal fan de dûns fertelt de haadlinen fan de syktocht Hanuman nei Sita. Dat ferhaal is in ûnderdiel fan de Ramayana. Hanuman is it symboal fan krêft en yntelliginsje en dat is op sierlike wize foarmjûn yn de pentjakdûns. Der wurdt ek byldzjend útlein hoe’t dy foarm traind wurdt.

Tongersdei 20 july, oanfang 20.00 oere, Buorren 1 yn Akkrum, yntree € 2,50, bern fergees.

july 16, 2017 19:31
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*