Grutte kâns op kanker by reis nei Mars

july 16, 2017 22:23

In reis nei Mars is net sa goed foar de sûnens. De kâns dat in Marsreizger kanker kriget, is grut. Dat hawwe Amerikaanske ûndersikers ûntdutsen.

Dat in ferbliuw bûten de atmosfear fan ‘e ierde nuodlik is, wie al bekend. Dy atmosfear beskermet tsjin skealike strieling. In romtereis makket lykwols dat minsken oan radio-aktiviteit út ‘e romte bleatsteld wurde. Romteskippen jouwe wol wat beskerming, mar lang safolle net as de atmosfear.

“Wa’t Mars ferkenne wol, is op syn minst njoggenhûndert dagen ûnderweis”, seit ûndersiker Francis Cucinotta fan ‘e universiteit fan Nevada. As ien sel skansearre is, is neffens him de kâns grut dat omlizzende sellen ek mutearje. De kâns op kanker wurdt dan grut. Neffens him leit de kâns dat in Marsreizger oan kanker ferstjert tusken de 10 en 24 persint. Dy kâns is folle grutter as de kâns dat ien omkomt as gefolch fan smoken.

july 16, 2017 22:23
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*