Kultuerfûns Fryslân stipet 34 kultuer- en natuerprojekten

july 16, 2017 16:09

It Prins Bernhard Kultuerfûns Fryslân hat yn it twadde fearnsjier fan 2017 oan 34 kultuer- en natuerprojeten yn de provinsje € 68.550 takend.

De stichting De Jonge Republiek krige in bydrage fan € 7.500 foar de teaterproduksje Holstmeer. De foarstelling sil jûn wurde yn it plysjeburo, de Penitinsjêre Ynrjochting en by Fier oan de Holstermeerwei yn Ljouwert. De Ljouwerter Histoaryske Feriening Aed Levwerd kriget in bydrage foar it projekt Stedsoargelist. Ta promoasje fan de oargelkultuer wurdt in stedsoargelist oansteld en wurde kuiertochten, konserten en edukative projekten organisearre. Part fan it projekt is in publikaasje foar jongfolk skreaun troch Harm de Jonge.

Prins Bernhard Kultuerfûns
It Prins Bernhard Kultuerfûns is in besiele pleiter fan kultuer, natuer en wittenskip yn Nederlân en dêrbûten. Mei finansjele bydragen, opdrachten, prizen en beurzen wurde nijsgjirrige inisjatieven en talint stimulearre. As ynspirator fan hjoeddeisk mesenaat jout it Prins Bernhard Kultuerfûns partikulieren, stiftingen en bedriuwen ûnôfhinklik en saakkundich ried oer filantropy. It Prins Bernhard Kultuerfûns Fryslân is ien fan de tolve provinsjale ôfdielingen.

De twadde omloop fan takenningen yn 2017 stie ûnder foarsitterskip fan de nije Kommissaris fan de Kening Arno Brok.

july 16, 2017 16:09
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*