Krokodillen feestlik ferwolkomme yn AquaZoo Fryslân

july 15, 2017 08:56

Foto: AquaZoo Fryslân

Mear as tûzen jierkaarthalders fierden tongersdei by in spesjale jûnsiepenstelling de komst fan fjouwer nylkrokodillen yn AquaZoo Fryslân. Foar it earst mochten se by de spannende bisten sjen yn har nagelnije ferbliuw, dat iepene waard troch Sjoerd Feitsma, wethâlder fan de gemeente Ljouwert en Jeroen Loomeijer, fêstigingsmanager fan AquaZoo.

Earder dizze wike kamen de fjouwer nylkrokodillen yn AquaZoo oan. De fersoargers hawwe de nammen Jamilia, Azizi, Rafiki en La Lajita foar de krokodillen keazen. Njonken fjouwer echte krokodillen leit der yn it romme ferbliuw, mei ûnder oare in grutte wetterfal, ek in nep-krokodil. Besikers kinne sa ris de rûge hûd fan in krokodil fiele.

Feestwykein
Dit wykein binne der yn AquaZoo ekstra krokodille-aktiviteiten te belibjen om de iepening fan it nije ferbliuw te fieren. Bern kinne har bygelyks schminke litte as krokodil en der stiet in grut krokodillespringkessen.

Nylkrokodillen
Nylkrokodillen kinne sawol op it lân as yn it wetter flot foarút. Troch mei de sturt hinne en wer te bewegen kinne se yn it wetter oant wol tritich kilometer yn ’e oere helje. Mar op it lân komme se ek fluch foarút en rinne se oant wol santjin kilometer yn ’e oere. Jeie docht de nylkrokodil meastal allinnich. Hy slûpt nei syn proai ta, dy’t er dan kûgelsfluch fêstpakt en yn it wetter ferdrinkt. It opiten fan syn proai docht er op it lân, trochdat er net ûnder wetter slokke kin.

july 15, 2017 08:56
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*