Iepening folksdûnsflier en amfiteater Folkshegeskoalle
Resint ferskynd
Der mei dûnse wurde!
De dûnsflier foar de Folksdûnsferiening fan Skylge (VTV) op it hiem fan de Folkshegeskoalle is klear. De folksdûnsers sille de flier kommende tiisdei 18 july sels iepenje mei in demonstraasje foar elk dy’t belangstelling hat.
Folksdûnsjen is in wichtich ûnderdiel fan de eilanner folkloare en in aktiviteit dy’t by útstek past op de Folkshegeskoalle. Dat is op ’t lêst in plak foar (folks-)kultuer en moeting. Dy mienskiplike bân tusken de VTV en de FHS oangeande folkskultuer en mienskipssin makket de Folkshegeskoalle ta in ideaal plak foar de dûnsdemonstraasjes.
De folksdûnsflier mei sitplakken is realisearre tusken de munysjebunkers op it hiem fan de Folkshegeskoalle. Dat plak kin ek brûkt wurde foar foarstellingen, optredens en oare aktiviteiten.
De Folkshegeskoalle hat €10.000 subsydzje krige út it Iepen Mienskipsfûns fan de provinsje Fryslân om de dûnsflier mei sitplakken meitsje te kinnen. It ûntwerp is makke troch Danny van Mullekom út Easterein. It wurk is útfierd troch Trip Hek út Formearum, de plaggen hat De Folkshegeskoalle krige fan Steatsbosbehear op Skylge. Mei help fan tal fan frijwilligers fan de VTV koe it wurk dien makke wurde.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje