Hoe sit it krekt mei it meinimmen fan fakânsjesûvenirs?

july 17, 2017 10:08

Foto: Hvdm/Jean-Pierre Jans

Fan ’t simmer sille nei alle gedachten mear as oardel miljoen Nederlanners op fakânsje bûten Europa. Dat binne der mear as ea. Ut ûndersyk docht bliken dat njoggen op de tsien fan har graach aardige produkten en sûvenirs meinimme nei hûs ta. De mearderheid fan de ûnderfrege fakânsjegongers twifelet hokker oankeapen fan bûten de EU mei nei hûs ta meie. Gelokkich is der no in app dy’t dêrby helpt. Yn de nije Douane Reizen App stiet de bestimming wat wol en net mei werom mei yn it fleantúch nei Nederlân. Je sjogge ek fuort wêrom’t dat sa is.

André Molenberg wurket al jierren by de Dûane op Skiphol en ken de twifel. Hy sjocht geregeld deistige sûvenirs en klean foarbykommen dy’t net tastien binne. “Bygelyks learen skuon of in beurs makke fan beskerme krokodillen of sûvenirs mei beskerme skulpen en koraal”, seit de dûanier. “Itensguod is ek in fynst fan aldendei. In lekker tsyske of ham binne typyske produkten dêr’t de minsken net fan witte dat dy net troch de dûane meie. Wy kinne dy om reden fan feiligens net akseptearje, om’t se sykten meibringe kinne. Dêrom advisearje ik elkenien de Douane Reizen App te brûken. Sa binne je by it ynpakken fan de koffer wis oft je guod mei nei Nederlân mei”, seit er.

Ferbeane floara en fauna, lears fan slangelear (foto: Hvdm)

Hast de helte fan de Nederlanners hâldt kofferromte frij foar guod dat se op har fakânsjebestimming keapje. Mei it brûken fan de Douane Reizen App foar Android en iOS kinne je dy romte optimaal benutte sûnder dat je hoege te twifeljen oft dat guod mei nei hûs ta mei. Sa sjogge je fuortdaliks dat snoadfoanen en oare elektroanika gewoan mei meie. Inkeld oankeapen boppe de € 430,- moatte je melde by de dûane. Dêr betelje je dan btw oer.

Mar hoe is it mei de kennis fan dûaneregels steld? Opfallend is dat fierwei de measte Nederlanners (86%) derfan oertsjûge is dat je gjin sechtjin liter bier ynfiere meie, wylst dat gjin probleem is. By it lekkere tsyske dêr’t André Molenberg it oer hie, jildt dat krekt oarsom. Hast de helte fan de Nederlanners (46,7%) tinkt dat je in lokaal skieppetsyske fan de fakânsje rêstich ynpakke kinne, wylst dat just net mei. Wa’t de app brûkt, komt net foar ferrassings te stean. Twifelje je noch? Diel je fraach of foto op Facebook of Twitter fia #magditmee en de dûaniers sykje it foar je út.

Top 3 favorite fakânsjeoankeapen – Wat nimme Nederlanners it leafst mei fan har fakânsje?

  1. Klean en skuon: 60,4% (ûnder reizgers fan 18-29 jier is dat sels 75,3%)
  2. Sûvenirs, lykas kaaihingers en servys: 50,8%
  3. Sieraden: 28,9%

Froulju dogge de measte oankeapen op fakânsje. Der binne twa útsûnderingen: alkohol en (wetterpiip)tabak. 22,1% fan de manlju nimt dat mei, foar 14,7% fan de froulju oer.

july 17, 2017 10:08
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*