Gjin echte taalstriid mear yn Fryslân

july 11, 2017 20:00

Ynwenners fan Fryslân binne yn ’e rin fan de tiid minder Frysksinnich en mear meartalich wurden. Dat docht bliken út de fjirde taalsosjologyske survey Taal yn Fryslân: de folgjende generaasje. De rapportaazje mei de earste resultaten fan de survey wurdt hjoed oanbean oan Provinsjale Steaten.

In grut part fan de Friezen dy’t yn 2016 oan dy survey meidien hawwe, rekkenet himsels sawol ta de Fryske as de Nêderlanske taalgroep. Meartaligens liket de noarm te wêzen en in echte taalstriid yn de provinsje is gjin sprake fan. In grutte mearderheid fan de Frysktaligen jout oan net negatyf foar it Nederlânsk en Nederlân oer te stean. Boppedat liket fatsoen de regel yn de omgong mei taal te wêzen. It docht bliken dat it foar in grutte groep Frysktaligen dreech is om troch te gean yn it Frysk wannear’t guon minsken it net ferstean kinne. It tefoaren kommen fan útsluting fan petearpartners liket wichtiger te wêzen as it brûken fan it Frysk.

It Frysk is troch de jierren hinne hieltyd fanselssprekkender wurden yn offisjele en iepenbiere domeinen. Mar út it ûndersyk docht bliken dat de behearsking en it brûken fan de taal op tal fan mêden tebekrint. Sa wie it oandiel húshâldens mei Frysk as thústaal yn de surveys fan de Fryske Akademy út 1969, 1984 en 1994 mear as de helte. Yn 2016 is dat persintaazje ûnder de 50 persint sakke.

Opfallend is dat it tal minsken dat oanjout it Frysk skriuwe te kinnen, yn ’e rin fan de tiid tanommen is. Mar nei alle gedachten is hjir gjin sprake fan in echte tanimmen fan de skriuwfeardigens. Mei de opkomst fan de sosjale media is de rol fan it Fryskskriuwen mear ferskood yn de rjochting fan de sprektaal, lykas yn WhatsApp en sms. Dêr wurdt lang net altyd neffens de Fryske noarm skreaun. It skriuwen neffens dy noarm, lykas yn brieven, e-mails en publikaasjes, bliuwt ek yn dizze survey beheind.

Groeiende mobiliteit
Mear as 3800 Friezen hawwe yn 2016 meidien oan de survey Taal yn Fryslân: de folgjende generaasje, dy’t troch projektlieder Edwin Klinkenberg en promovendus Nika Stefan útfierd waard yn opdracht fan Provinsje Fryslân. De survey bout fierder op in ûndersykstradysje dy’t de Fryske Akademy yn de sechtiger jierren ynsette mei in ûndersyk nei lês- en praatgewoanten yn Fryslân. Mei de gegevens fan de surveys út 1969, 1984 en 1994 en de provinsjale fluchhifkingen (Taalatlassen) fan 2007, 2011 en 2015 koene wol of net positive ûntjouwingen yn de Fryske taalsituaasje oer meardere generaasjes hinne besjoen wurde.

Yn dy perioade fan fyftich jier hat de Fryske taal syn relative isolemint ferlern. Mei it each op de groeiende mobiliteit fan de befolking en de tanommen oanwêzigens fan it Nederlânsk, liket it wol in wûnder dat it Frysk noch bestiet en noch net fuortfage is troch it Nederlânsk. Mar, sa medt de rapportaazje, it ôfnimmen fan it brûken fan it Frysk is troch it provinsjaal taalbelied en maatskiplike aksje troch partijen lykas de Ried fan de Fryske Beweging miskien wol wat ôfremme.

Yn 2018 ferskynt in Ingelsktalige boekpublikaasje mei de folsleine resultaten en in útwreide ferklearring fan de survey. Sjoch foar dit nijsberjocht: www.fryske-akademy.nl.

july 11, 2017 20:00
Skriuw in reaksje

3 opmerkingen

  1. Erwin2.0 july 12, 08:40

    Los fan Kneppelfreed hat der yn it ferline noait echt in Fryske taalstriid west. De tiid fan de leave en ûnskuldige Fryske jonkjes en famkes. Neffens my nimt de Fryske taalstriid allinnich mar ta… Dat, wêr hat de Akademy it oer?

  2. Abe de Vries july 12, 11:09

    Wêrom publisearje jimme dizze bagger? De LC hat teminsten noch it fatsoen te melden dat de ,,wittenskiplike ûnderbouwing” noch folget – dy is der dus net. De krante meldt ek dat it ûndersyk basearre is op in belachelik leech responsepersintaazje. Mar goed, jimme hawwe Poepjes wer efkes holpen mei jim ûnkrityske trochbriefkerij fan parseberjochten. Takom jier earst mar in feestje op it grêf fan it Frysk!

  3. Abe de Vries july 12, 11:48

    Goed, ien foarbyld dan. ,,Ynwenners fan Fryslân binne yn ’e rin fan de tiid minder Frysksinnich en mear meartalich wurden.”

    Wat stiet dêr krekt? Ik bin Frysksinnich en meartalich, mar dat kin net, neffens de Fryske Akademy? Of ferdwine sokken as my stadichoan? Ik tocht oars dat alle Frysksinnigen meartalich wienen, teminsten, foar safier’t se skoallerûn hawwe.

    Wat ferdwynt, bêste parseberjochtfantasearder fan de Fryske Akademy, is net meartalichheid mar de Fryske taal. En troch in tsjinstelling tusken meartalichheid en frysksinnichheid te suggerearjen, wurkje jo dêr net in bytsje oan mei.

    Ex equo wurket ItNijs dêr oan mei, troch, nochrisom, dizze fize bagger yntegraal te publisearjen.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*