Frysk damjen ynternasjonaal erkend

july 13, 2017 09:15

De FMJD (FEDERATION MONDIALE DU JEU DE DAMES) hat op 9 july 2017 yn syn bestjoersgearkomste yn Poalen it beslút nommen om it Frysk damjen ynternasjonaal te erkennen as damsport. Sitaat fan Frank Teer, sekretaris fan de FMJD: “De bestjoersleden wiene posityf ferbjustere troch it wiidweidige programma as tarieding op it WK 2018!”

 

De lêste jierren is der hurd wurke troch de stichting WFD om it Frysk damjen ynternasjonaal op de kaart te setten. Der binne grutte toernooien organisearre dêr’t de sterkste tinksporters fan ’e wrâld by yn ’e kunde komme koene mei dy unike tinksport. Uteinlik resultearre dat yn it earste wrâldkampioenskip Frysk damjen, fan 3 oant en mei 10 augustus 2018 yn Ljouwert, foarôf gien troch in rige ynternasjonale kwalifikaasjetoernoaien.

 

Ynhâldlik sil no fuortendalik úteinset wurde mei it op de kalinder ôfstimmen fan de grutte toernooien; de FMJD hat al in aparte seksje foar it Frysk damjen oanmakke. Troch dy start sil it Frysk damjen wrâldwiid by alle oansletten tinksportbûnen en liearre organisaasjes bekend wurde.

De ferwachting foar de kommende jierren is in útwreiding fan it tal lannen dêr’t it spul spile wurdt. It spul hat de potinsje om út te groeien ta in wrâldstandert.

july 13, 2017 09:15
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*