Froulike dûmny mooglik oanlieding foar tsjerkeskuorring

july 13, 2017 16:28 Fernijd

De vrijgemaakt-gereformeerden foarmje in grutte tsjerkemienskip yn Nederlân. Hja hawwe sa’n 118 tûzen leden. In part fan harren kin net akseptearje dat de generale synoade, it oerlisorgaan fan ‘e tsjerke, yn juny besletten hat dat froulju dûmny wurde meie.

Yn 2004 binne de measte Nederlânske protestanten nei in skiednis fan skuorrings wer byinoar kommen yn ‘e PKN (Protestantse Kerken Nederland). Net alle protestantske tsjerken diene lykwols mei. De vrijgemaakt-gereformeerden binne in grutte útsûndering, al is der hjoed de dei wol in soad gearwurking. Sa wikselje de mienskippen ûnderling wol dûmnys út foar gastpreken.

De vrijgemaakten binne in eigen paad ynslein nei in tsjerkeskuorring yn 1944. Hja makken har doe los fan grifformearde tsjerke, ûnder oaren om’t se fan betinken wiene dat de generale synoade tefolle macht hie en om’t se de symbolyk fan ‘e doop oars ynterpretearren. De tsjerke is frijwat konservatyf en hat froulike dûmnys oant no ta altyd ward, mei in berop op in ferbod fan ‘e apostel Paulus op it ferfoljen fan tsjerklike funksjes troch froulju. Dat beswier hat de generale synoade no lykwols skrast.

Ald-predikant Hilbert Gunnink rint foarop yn it protest tsjin froulju op ‘e kânsel. Soks giet neffens him yn tsjin “het zuivere Woord van God”. “Waarheid en dwaling kunnen niet naast elkaar bestaan”, sa hat er oan ‘e krante Trouw te witten dien. In plan fan ‘e synoade om te fusearjen mei de Nederlânsk grifformearden, in ôfsplissing út 1967, is neffens Gunnink-en-harren ek net in goed plan.

De vrijgemaakten binne tongersdei gear yn it Grinslânske Bedum om in plan te meitsjen. De opkomst wie mei sa’n seishûndert minsken folle heger as dat de organisators ferwachte hiene.

july 13, 2017 16:28 Fernijd
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Wieger july 15, 03:10

    Vrijgemaakd? Ik tink fan net.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*