Friezen binne oars!

july 9, 2017 15:18

Koartlyn waarden de resultaten bekend fan it earste ûndersyk fan Panel Fryslân, in represintative stekproef fan it Frysk Sosjaal Planburo ûnder 4000 Friezen. Tema wie fertrouwen yn de polityk. Nuver genôch hawwe de resultaten yn de medianet folle omtinken krige, hoewol’t dy bêst nijsgjirrich binne.

Oer it generaal binne de paneldielnimmers optimistysker oer de takomst fan Fryslân as oer dy fan Nederlân. Nettsjinsteande krimp, fergrizing en oare problemen is it tal Friezen dy’t fine dat it mei de provinsje de goede kant op giet heger as dat fan de Friezen dy’t tinke dat it de ferkearde kant opgiet. Se wurdearje it lokale bestjoer better as it lanlik en Europeesk bestjoer. Sa kriget it gemeentebestjoer trochinoar rapportsifer 6,3, de provinsjale polityk in 6,2, de Haachske polityk in meagere 5,6 en de Europese polityk bongelet ûnderoan mei in 4,9.

Der waard ek frege hokker tema’s Friezen it wichtichst fine. It blykt dat Friezen hiel oars oer beskate tema’s tinke as Nederlanners as gehiel. Sa fine Friezen bygelyks wurkgelegenheid, krimp, gaswinning Waadsee, Fryske taal en kultuer en behâld lânskip it wichtichst, wylst Nederlanners sûnenssoarch, miljeu en ymmigraasje it wichtichst fine.

De helte fan de panelleden is ûntefreden oer de behertiging fan Fryske belangen yn de lanlike polityk. Se fine dat it Nederlânsk regear net wit wat der libbet binnen de provinsje en se fine ek dat der mear Fryske keamerleden wêze moatte.

Al mei al kin konkludearre wurde dat Friezen oars tinke oer in protte saken as Nederlanners as gehiel. Soe it dan ek net goed wêze dat Fryslân mear sizzenskip kriget oer eigen saken ynstee fan dat dy bepaald wurde troch De Haach?

Jehannes Elzinga – Frjentsjer

july 9, 2017 15:18
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*