FNP wol opbringsten ferkearskontrôles brûke foar ferbetterjen feiligens

july 16, 2017 18:20 Fernijd

De FNP wol dat it jild dat fertsjinne wurdt mei trajektkontrôles en flitspeallen op provinsjale Fryske diken net ferdwynt nei De Haach. Yn de eagen fan de FNP soene de opbringsten fan dy ferkearskontrôles krekt ynvestearre wurde moatte yn de feiligens fan de eigen provinsjale wegen. De systematyk om mei ferkearskontrôles de steatskas te spekken moat ophâlde, neffens de steatefraksje.

De FNP swingelet dat oan omdat de kommende jierren trajektkontrôles ynfierd wurde sille op de provinsjale diken N351 en N381 én omdat der in útwreiding fan it tal flitspeallen yn Fryslân komt, by Tsienzerbuorren (N354) en Burchwert (N353). Beide ek provinsjale diken.

Boeterein
De FNP kin him foarstelle dat yn it ramt fan de ferkearsfeiligens dy beide maatregels dien wurde, mar hat soarch oer de ‘boeterein’. It moat net sa komme dat brûkers fan de provinsjale diken soks aansens beskôgje as in ynkomsteboarne om de kas fan it Ryk te spekken sûnder dat dêr ferbettering fan de feiligens oan de diken sels of help by it ferbetterjen fan it hâlden en dragen yn it ferkear foaroer stiet. It binne ommers kontrôles op provinsjale diken, dy’t betelle én ûnderholden wurde troch de provinsje, mar dat it boetejild dêrnei nei de steatskas ta ferdwynt.

Ferkearsfeiligens
Neffens de FNP  is it earliker en rjochtfeardiger dat de ynkomsten fan ferkearskontrôles op provinsjale diken by de provinsje bliuwe om allinnich mar brûkt te wurden foar it (fierder) ferbetterjen fan de ferkearsfeiligens fan de diken yn Fryslân of foar it befoarderjen fan it ferkearsfeilich hâlden en dragen. Dêrom hat de FNP-steatefraksje oan Deputearre Steaten frege oft it Kolleezje ree is om, yn neifolging fan de gemeenten, ek by it Ryk te pleitsjen om de ynkomsten fan ferkearsoertrêdingen op provinsjale diken sels te hâlden (lykas gemeenten yn it ferline sels de ynkomsten ek hâlde mochten).

Ynkomste-boarne
Dêrneist hat de FNP frege oft it Kolleezje ree is om it ûnderwerp ‘Ynkomsten fan ferkearskontrôles’ ek (fia VNG/IPO) yn te bringen as mooglike nije eigen ynkomste-boarne foar de desintrale oerheden. Dat as elemint yn de lanlike diskusje om gemeenten en provinsjes mear eigen belestingynkomsten te jaan, wêrby’t it totale nivo fan de belestingen net omheech giet.

july 16, 2017 18:20 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*