FNP Ljouwert: mear tempo wurksumheden tagongsdyk Reduzum

july 6, 2017 15:22

Yngong fan Reduzum (Haedstrjitte). Foto: FNP

De FNP-Ljouwert wol dat der folle mear tempo makke wurdt mei de werynrjochting fan de Haedstrjitte yn Reduzum. De ynwenners fan Reduzum hawwe skjin harren nocht fan it omriden, de (ferkears-)ûnfeilige situaasjes, de útrin fan de wurksumheden en de minne kommunikaasje. Dêrom komt de FNP yn aksje.

De bedoeling wie om de yngong en foarnaamste tagongsdyk ta it doarp te ferfraaien en tagelyk it rioel oan te pakken. Mar no hat de FNP sinjalen krigen dat by de útfiering fan de plannen tal fan problemen ûntstien binne: útrin fan de planning, minne kommunikaasje, problemen mei de helptsjinsten, (ferkears-)ûnfeilige situaasjes ensfh.

Sa is it bygelyks hiel dreech om it doarp yn en út te kommen. Tal fan auto’s parkearje dêrom by ‘De Trije Romers’, mar oaren nimme it smelle dykje tusken Wurdum en Idaerd, in gefaarlike rûte om’t dêr ek skoalbern fytse. Ferkear dat nei Reduzum wol, moat fan it suden út wol 10-15 kilometer omride (fia Jirnsum-Grou-Idaerd-Reduzum). De skoalbuskes fan de skoalle dy’t bern út Friens, Tsienzerbuorren en Idaerd helje, moatte ek einen omride.

Wetteroerlêst yn de Haedstrjitte. Foto: FNP

De FNP hat ek begrepen dat ambulânses it paad net altyd fine kinne, wat by kalamiteiten dus in libbensgefaarlike situaasje opleveret! Mar der binne ek praktyske problemen. Sa hat it doarp in pear wike lyn troch de wurksumheden oardel oere sûnder elektrisiteit sitten en op in oar momint hat der in hiel grut gaslek west. Fan guon minsken hat it rioel hielendal ôfsletten west, wêrtroch’t de ynhâld fan de wc nei boppen kaam. De klean- en glêskontener wurde net mear lege. By swiere buien is de Haedstrjitte ien grutte rivierkolk wurden. Der is minder omset foar de winkels en oare bedriuwen.

De kommunikaasje troch gemeente en oannimmer is ûndúdlik. Minsken witte net wêr’t se oan ta binne. Fierder hat de FNP fan ferskate kanten it sinjaal trochkrige dat de wurksumheden gigantysk útrinne, oant yn septimber, wylst it earst 28 july allegear klear wêze soe. Bewenners fan Reduzum en omlizzende doarpen sitte no yn oer de merke, dy’t fan 1-3 septimber holden wurdt.

De FNP hat yn skriftlike fragen oan it Kolleezje fan B&W no frege om yn oerlis mei de oannimmer it wurk sa  gau mooglik út te fieren (yn alle gefallen foar de merke!), bettere kommunikaasje mei it doarp oer de planning, mar ek mei de helptsjinsten as it giet om de oerlêst, wurksumheden, omriden en de planning.

july 6, 2017 15:22
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.