EBLT: wêrom is ‘noardlike’ kultuer Nederlânsk/Ingelsk?

july 17, 2017 15:06

It kulturele gearwurkingsferbân fan de provinsjes Fryslân, Grinslân en Drinte hjit We the North. Dy Ingelske namme mei nuver oankomme, neffens it Europeesk Buro foar Lytse Talen is it ek nuver dat de kulturele projekten fan ‘e trije provinsjes “gauris ientalich Nederlânsk mei in Ingelske gjalp-derop-ta” binne.

De organisaasje hat dêrom in brief skreaun oan de meiwurkers fan We the North, oan de provinsjebestjoeren en oan ‘e gemeenten Ljouwert, Assen, Emmen en Grins. Dêryn pleitsje se foar mear omtinken foar “it DNA fan Fryslân, Grinslân en Drinte”, nammentlik de talen Frysk, Nedersaksysk en Biltsk. Fierder pleitsje se foar mear gearwurking mei de oanbuorjende streken yn Dútslân.

Klik hjir om it brief fan it EBLT te lêzen.

july 17, 2017 15:06
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*