Doctor Who is no in frou

july 17, 2017 19:11

De TARDIS, de tiidmasine fan Doctor Who (foto: Wikipedia)

De BBC hat in dúdlike breuk mei it ferline fan in ferneamd telefyzjepersonaazje makke. It personaazje Doctor Who is no in frou. Jodie Whittaker is foaral bekend fan searjes as Broadchurch en The Assets. Mar ein dit jier krûpt se yn ’e hûd fan Doctor Who, de eksintrike Time Lord dy’t al sûnt 1963 portrettearre wurdt as man. Whittaker sels neamt it “oerweldigjend, as feministe, as frou, as akteur. Ik bin ien dy’t altyd harsels útdaget en net beheine lit troch wat oaren fine wat je wol en net wêze kinne.”

De BBC hie in wiere mediakampanje fan de bekendmakking makke, krekt nei de manljusfinale fan Wimbledon. Whittaker (35) folget Peter Capaldi (59) op, de tolfde akteur dy’t Doctor Who spile. De searje draait om in eigensinnige tiidreizger dy’t striidt tsjin kweawillige bûtenierdske wêzens. De Doctor stjert nea, mar regenerearret. En dit kear komt er dus werom as in sy.

Yn Nederlân waard de searje ek by fleagen útstjoerd troch de TROS. Dat wie foar it earst yn 1975 en letter nochris begjin jierren tachtich. De rige waard yn Nederlân earder ôfbrutsen, nei klachten fan âlden dat de bûtenierdske tsjinstanners fan Doctor Who te grizelich wiene foar har bern.

july 17, 2017 19:11
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*