Diskriminaasje fan Katalaanskpraters

july 23, 2017 21:37

Yn ‘e Spaanske dielsteaten Kataloanië en Falensia is it Katalaansk in offisjele taal. Yn Kataloanië kriget it Katalaansk offisjeel foarrang op it Spaansk en bedriuwen binne ek  ferplichte om yn it Katalaansk mei klanten te kommunisearjen. Wa’t al in skoft yn Kataloanië wennet, wurdt achte twatalich te wêzen.

Taalorganisaasje Plataforma per la Llengua hâldt al jierren in swartboek by fan wat yn Kataloanië en Falensia as taaldiskriminaasje beskôge wurdt. Dêr falt fan alles ûnder, fan ûnwittendheid by Spaanske obers dy’t tydlik yn it Katalaanske taalgebiet wurkje oant en mei arrestaasje en yntimidaasje troch de guardia civil, de Spaanske nasjonale plysje.

De skellende pomphâlder

Resint hat Plataforma per la Llenuga twa gefallen fan taaldiskriminaasje optekene. By it earste giet it om in gefal fan in man dy’t útskeld waard troch in meiwurker fan in pompstasjon yn it Falensiaanske Bellreguard. De man stelde in fraach oer syn koartingskaart yn it Katalaansk. Doe’t de benzineferkeaper frijwat batsk easke dat er Spaansk prate, skeakele er oer nei it Ingelsk. Doe begûn de pomphâlder te skellen. De klant skille de plysje, dy’t yn dit gefal syn kant keas en hat in klacht yntsjinne.

De lilke sikehûsmeiwurker

Yn it twadde gefal skelde in baaljemeiwurker fan in sikehûs in pasjint út. Dy hie it Katalaansktalich identiteitsbewiis. De meiwurker sei dat er gjin Katalaansk lêze koe en bea oan om de gegevens sels efkes yn te typen yn ‘e kompjûter. De meiwurker reagearre net tankber, mar begûn te tsieren oer Katalaansk nasjonalisme en hoe’t de leger en de guardia civil dêr mar gau in ein oan meitsje moasten.

Ientalige websiden

Plataforma per la Llengua hat ek in oersjoch makke fan de Katalaansktalige websteeën fan ‘e sintrale Spaanske oerheid. Oars as Nederlân hat Spanje himsels der mei it ûnderskriuwen fan it Europeesk Hânfêst foar regionale en minderheidstalen ta ferplichte en jou sprekkers fan ‘e erkende minderheidstalen safolle mooglik it rjocht om yn harren eigen taal mei de oerheid te kommunisearjen. Wylst de Nederlânske sintrale oerheid (bygelyks ministearjes, belestingtsjinst, Twadde Keamer, Steatsrie) it Frysk sa goed as hielendal net brûkt, binne 35 persint fan ‘e 254 ûndersochte websteeën fan ‘e Spaanske sintrale oerheid ek yn it Katalaansk. Twa fan ‘e trije binne dat dus net en dat kin net, sa is Plataforma per la Llengua fan betinken. De organisaasje wiist der ek op dat, as der al Katalaansk brûkt wurdt troch de sintrale oerheid, dat dat dan faak fol sit mei taal- en staveringsflaters.

Plataforma per la Llengua konkludearret dat de Spaanske oerheid him net oan ‘e wet hâldt en seit: “De Katalaanskpraters wurde behannele as twadderangsboargers.”

july 23, 2017 21:37
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.