De taaltwivel fan studint Hoeke Tamme

july 18, 2017 09:15
Op 13 july l.l. publisearre prof. dr. Goffe Jensma ûnder de titel De taaltwivel fan studint Hoeke Tamme in belangryk artikel yn it Friesch Dagblad. Ferskillende lêzers fan It Nijs stiene der by de redaksje op oan en publisearje dat stik ek. Mei tank oan de auteur dogge wy dat hjirby.

Sûnder besef en kennis fan ‘it skreaune Frysk’ witte Friezen hieltyd minder wat Frysk is en wat net. Dy ‘taaltwivel’ makket dat Fryskpraters weromgripe op Nederlânske wurden en konstruksjes. Om tsjin te gean dat it Frysk in dialekt fan it Nederlânsk wurdt, is yn it ûnderwiis serieuzer omtinken foar it skreaune Frysk nedich.

It akademysk jier sit der wer op en lykas alle jierren ha ik de tentamens fan ús studinten neisjoen. Ik jou kolleezje by de oplieding ‘Minorities and Multilingualism’ oan de Ryksuniversiteit fan Grins, dêr’t wy besykje om – foar wa’t dat wol – de oplieding Fryske Taal en Kultuer yn in ynternasjonale kon­tekst oan te bieden. Guon fan myn kolleezjes jou ik yn it Ingelsk, oare yn it Frysk, bygelyks de fakken ‘Fryske literatuerskiednis’ en ‘Skiednisfan Fryslân’. By dy lessen sit meast ek in moai nustje byfakkers. Dy komme op grûn fan yntrinsike belangstelling foar it ûn­derwerp. De measte fan harren komme út Fryslân en wolle mear fan har eigen achter­grûn witte.

Oan it begjin fan sa’n kolleezje­rige gean ik altyd nei oft it mooglik en winsklik is om de kolleezjes yn it Frysk te jaan. Meastal giet dat sûnder problemen. Dat wol sizze, foarsafier’t it de passive taal­behearsking oangiet. De studinten fersteane en lêze oer it algemien it Frysk prima (al tink ik dat ik der net ferkeard oan doch om soms in wurd even yn it Nederlânsk mei te sizzen).

Klik op De taaltwivel fan studint Hoeke Tamme foar it hiele artikel.

july 18, 2017 09:15
Skriuw in reaksje

8 opmerkingen

  1. Cor Jousma july 18, 11:52

    Achte redaksje,

    Ik bin tige te sprekken oer ynhâld fan it artikel en ek oer it feit dat jimme it opnimme koene. Sa kriget it rom omtinken.

  2. Abe de Vries july 18, 12:17

    Moai stik fan Goffe, dêr’t wat bekend is nochris helder útlein wurdt: as bern gjin Frysk skriuwen leare en noait in Frysk boek ynsjogge, ha se gjin wurdbyld, is it miskien op sociale media noch wol lollich om wat sabeare-Frysk deryn te baargjen, mar dêr is it dan úteinlik ho foar de hiele taal. Mar Goffe syn stik sil net helpe. Tresoar makket in film oer de Fryske literatuer mei twa net-literêre skriuwers. Lân fan Taal makket in taalpaviljoen yn de foarm fan in memmerok, kin it sinjaal noch helderder? It Frysk skriuw- en lêsûnderwiis wurdt, as we speak, op basisskoallen en middelbere skoallen op grutte skaal ôfskaft troch Deputearre Steaten, mear yn it bysûnder troch CDA-deputearre Sytske Poepjes. Undersyk nei behearsking en gebrûk fan it Frysk troch de Fryske Akademy is in farce, in foar de gek hâlden fan de befolking. SisTsiis leit op syn gat troch gekonkel fan bewegings- en FNP-minsken dy’t deabenaud binne foar krityk op de provinsje en it kolleezje. Poepjes antwurdet net binnen de wetlike tastiene reaksjeperioade op it beswierskrift fan SisTsiis tsjin it ûntheffingebelied en SisTsiis lit it mar oer syn kant gean. SisTsiis praat leaver mei Poepjes as dat se dogge wêr’t se foar binne: in ynstrumint te wêzen om wetlik ferplichte, goed Frysk sprek-, lês- en skriuwûnderwiis mei ôf te twingen foar safier’t dat kin. Mei demonstraasjes, kuiertochten, mei it kreëarjen fan ,,ynsidinten” oan myn part, mar ek mei it besykjen om dyjingen dy’t it Frysk fan ús weirôvje wolle in juridysk ho ta te roppen, oft se har no yn Ljouwert beskûl hâlde of yn De Haach. Salang’t de Fryske beweging sels net de stekker lûkt út de deadlike gearwurking yn it kolleezje, salang’t de Fryske beweging sels net in ein makket oan syn allike skealike ferknope wêzen mei de ynstitúsjes, sa lang is it nacht yn ‘e nane en binne stikken lykas dat fan Goffe treant om toarre. Sykje dat mar op.

  3. Fridunanth july 20, 13:34

    Folslein iens mei Abe de Vries. Wêrom tink ik dochs dat de artikels “De Welske taal is lyts makke” en “Wêrom is ‘noardlike’ Nederlânsk/Ingelsk ? ” mei elkoar ferbân hâlde ?
    It centralisatiemonster gemeentes/” provinsje” Fryslân / Den Haach / Brussel is dwaande om de eigen identiteiten op te slokken en as in ienfoarmige en ienkleurige brij út te skieden/skite, nettsjinsteande (of krekt mei tank oan) de -vaak troch deselde reginten ingestelde- ynstitúsjes dy’ t foar dy identiteiten opkomme moatte soene .
    Wat hawwe dy ynstellings oant no ta oplevere; wurdt der troch de reginten nei krityk harke en oanbefellings opfolge wurde ?
    Nee, en sels de (verdrags-)wetgeving wurdt mei fuotten treden.
    Dat freget yndied om aktie fan ûnderen op, by need bûtenwettelijk .
    KH2018 sil dêr in moai platfoarm foar wêze, dat nasjonaal en ynternasjonaal yn ‘ e skynwerpers stean sil .
    Lit jim gean Friezen, Friezen…

  4. Oane july 20, 17:22

    Miskien soe it in goed ding wêze as ús kening ek de Fryske taal sprekke koe. Lykas Charles it Welsh behearsket. Wa wit hoefolle him folgje soene.

  5. Cor Jousma july 21, 20:37

    Hoewol’t ik de frustraasje fan dy twa hjir boppe wol begryp, soe ik se dochs oanriede om it systeem fan de ûntheffings fjouwer jier de tiid te jaan. Alle nije systemen hawwe bernesykten.

    Bou yn dy jierren kontakt op mei âlden dy’t de bern op skoalle hawwe – twa kear it jier in nijsbrief – en stap op basis fan it Hânfest by frjemdichheden by de ûntheffings nei de rjochter. Ommers as yn itselde gebiet in haadfestiging gjin en in njonkenfestiging wol in ûntheffing hat dan freget soks om toetsing troch de bestjoersrjochter. In gong nei de bestjoersrjochter kostet mar 350 euro en dêr hoecht net iens in abbekaat by.

    Brûk boppedat dy tiid om de slogan “Frysk ûnderwiis is in bernerjocht” ûnder de minsken te bringen.

  6. pyt july 25, 14:48

    It liket my dat in part fan dy taalferoaring ûntstiet as bern Fryske konstruksjes yn it Hollânsk brûke. B.g. “Wij zullen te zwemmen”, wat dan troch de ûnderwizer korrigearre wurdt ta “Wij gaan zwemmen”, mei as gefolch dat it bern it yn it Frysk weromkorrigearret ta “Wy geane swimmen”. De ûnderwizer hie dus fertelle moatten dat it yn it Frysk oars is. Nijsgjirrich te witten hoe’t soks dien wurdt mei Hollânske flaters yn b.g. it Ingelsk.

  7. Abe de Vries july 25, 15:22

    Presys troch de hâlding fan Cor Jousma giet de taal nei beppe kelder. Watfoar systeem in kâns jaan, dat skoallen gjin Frysk mear hoege te jaan en ek gjin inkelde ympuls krije om dat aansen wól wer te dwaan?

    Of hat Jousma geheime ynformaasje dat dy skoallen aansen massaal omkocht wurde sille troch in provinsjebestjoer dat ynienen wól belang hat by Frysk ûnderwiis?

    Graach plannen, sifers, doelen, stratezjyen. Al it oare is skealike wishful thinking. Want de ôfbraak giet fierder. Fjouwer jier gjin Frysk, dat is in hiele generaasje Fryskpraters dy’t de tagong ta har eigen taal ferbean wurdt, Jousma.

    Fryske beweging is Fryske ferstiving wurden. Lykstiifheid, stiet dat ek yn it WFT?

  8. Cor Jousma augustus 5, 12:09

    Dy earste wurden lit ik graach foar de skriuwer. Mear as tweintich jier set ik my fûleindich yn foar ús taal. As aksjefierder haw ik in tal jierren tebek ek sa’n tiid fan frustraasje kend. Mar no nei dy tiid slagget it my om de saken yn perspektyf te sjen.

    Iuwenlang koene in soad Friezen harren taal net lêze en skriuwe. Soks gou ek foar it Nederlânsk fansels. In pear Japiksen en Salverda’s pielden wat mei de stavering. En dochs bleau it Frysk oerein.

    Myn âlden en grif ek dy fan jo learden harrensels it Frysklêzen. It skriuwen bliuw derby. Mar it Frysk bleau oerein.

    Yn ús tiid krigen wy wat Frysk op skoalle. En op it skoalplein spuiden wy derop, om sa oan de groepstwang te foldwaan. Folle letter skriuwe jo gedichten en span ik my al jierren yn foar it Frysk.

    No wurdt it Frysk op skoalle einlings yn in ramt set dêr’t de ynspeksje op tasjen kin/moat. Alle skoalmasters krije op ús twa PABO’s twa jier Frysk en kinne dêrnei it foech helje. De skoallen moatte oanjaan wat dy NO foar mooglik hâlde. Soks hawwe dy noch nea fêstlein. Mar soks is foar it bernerjocht op ús minderheidstaal noch lang net genôch. Mar ik fyn it wol kreaze stappen.

    Fansels kin de Provinsje in skoalle yn de Ljouwerter Heechterp mei in soad bern fan bûtenlânsk komôf yn earsten in gruttere ûntheffing jaan as de skoalle yn Suderbuorren dêr’t de âlden fan dyselde bern de huzen nea betelje kinne. Koartsein hifkje de ûntheffings en lis dy mooglik foar oan de bestjoersrjochter.

    Myn frou en ik hawwe meidien oan de demonstraasje fan Sis Tsiis. It wurdt tiid foar de finale en oars nei de rjochter. Dy rjochter kin allinne mar toetse wat der oan ôfspraken fêstlein wurdt/is. Wy ferskille mei jo oer oft it glês heal fol of heal leech is. Ik hâld it op it earste.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*