CdK-penning foar Guus van den Berg

july 3, 2017 12:15 Fernijd

By syn ôfskied fan de provinsje Fryslân hat provinsjesekretaris Guus van den Berg (65, Oldemarkt) de CdK-penning krige fan Kommissaris fan de Kening Arno Brok. De ûnderskieding is jûn fanwegen Van den Bergs “grutte ynset foar de organisaasje en de Fryske mienskip’’. Van den Berg wie ek algemien direkteur fan de provinsje Fryslân.

Nei sân jier by de provinsje woe Van den Berg oar wurk dwaan. Yn maaie is er al oan ’e slach gien as gemeentesekretaris fan de gemeente Zaanstad. Dêr wurke er ek foardat er by de Provinsje kaam. Ofrûne tongersdei wie syn offisjele ôfskied.

De CdK-penning kin troch de Kommissaris fan de Kening takend wurde oan persoanen dy’t har bysûnder ynset hawwe foar de provinsje Fryslân. Under Van den Berg kaam der in nije fyzje foar de provinsjale organisaasje. Dy krige it motto: ‘mei de mienskip wurkje oan in moai en sterk Fryslân’. Hy feroare de wurkwize fan de organisaasje sa dat dy mear resultaten opsmite koe. Boppedat makke hy him sterk foar de Fryske taal en kultuer, ûnder mear fia it projekt ‘Lân fan Taal’, neffens de hear Brok.

Opfolger
Oant der in opfolger foar Van den Berg fûn is, is Arie Piet tydlik algemien direkteur en provinsjesiktaris. Piet bliuwt ek direkteur fan in ûnderdiel fan de provinsjale organisaasje.

july 3, 2017 12:15 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.