Brútstap feroaret alles, sels de ierdbeien op Wimbledon

july 16, 2017 13:45

Foto: morguefile.com

Sûnder ierdbeien mei slachrjemme, gjin Wimbledon. Krekt as spylje op gers en wite tennisklean, is it ien fan de ferneamdste Wimbledon-tradysjes. Dit jier genietsje de besikers wer folop fan de strawberries and cream: yn totaal binne der yn twa wike sa’n oardel miljoen ierdbeien ferkocht. Dy ierdbeien komme fan it Britske plattelân. Lykwols docht bliken dat sûnt de Brútstap de Britske ierdbeieproduksje ûnder druk is kommen te stean. Dat komt trochdat der fan ’t jier in stik minder meast East-Europeeske plôkers nei Grut-Brittanje komme. Neffens de brânsjorganisaasje is der lanlik in delgong fan santjin persint, wat yn ’e praktyk betsjut dat tûzenen seizoensbanen op boerepleatsen net ynfolle wurde kinne.

Ierdbeiboeren meitsje har soargen en hoopje dat de Brútstap-ûnderhannelings liede ta in ienfâldiger systeem foar it krijen fan wurkfisa. East-Europeanen kinne dan ek nei it fuortgean fan de Britten út de EU maklik nei Grut-Brittanje komme. Mar der is op it stuit noch in protte ûnwissigens, it is dreech om yn te skatten hoe’t dat útpakke sil. East-Europeanen oriïntearje har ûnderwilens op oare opsjes, lykas Spanje, Frankryk of Nederlân, om yn ’e blommen te wurkjen. Faaks moatte de Wimbledon-ierdbeien aanst ymportearre wurde.

july 16, 2017 13:45
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*