Afûk en BUOG bouwe in Talepaviljoen yn de Ljouwerter Prinsetún

july 16, 2017 17:10 Fernijd

Talepaviljoen nije ympresje

Lân fan taal kriget yn 2018 in bysûnder Talepaviljoen op in bysûnder plak. Yn 2018 wurdt de Prinsetún in Taletún mei it Talepaviljoen as sintraal moetingsplak. De Afûk jout yn gearwurking mei BUOG stal oan dizze ‘húskeamer’ – ek wol ‘livingroom of languages’ – fan Lân fan taal dêr’t it publyk op alderhande wizen yn ’e kunde komme kin mei de ferskillende (lytse) taalmienskippen yn Europa, Nederlân, Fryslân en Ljouwert.

Twa froulju
Yn de Prinsetún ferriist yn 2018 in tydlik (memme)taalpaviljoen yn de foarm fan twa frouljusfigueren. It stiet symboal foar de memmetaal en meartaligens. Kees Botman en Pieter Stellingwerf fan BUOG binne ferantwurdlik foar it ûntwerp en sjogge it sa: “Besikers lizze bûten harren taal ôf en krûpe ûnder de rok fan mem. De romte is iepen, útnûgjend en hat in waarm karakter. It is in feilich plak dêr’tst mei in iepen blik yn de kunde komme kinst mei oare minsken en mienskippen. Dat kriget noch in ekstra diminsje trochdat it hoarekapersoniel dôf is.”

Gearwurking mei HoorFriesland en Friese Poort
HoorFriesland is ít sintrum yn Fryslân foar dôven en minsken mei gehoarproblemen. It soarget foar de besetting fan it paviljoen mei gasthearen/-froulju. “Wy wolle dat dizze minsken ek heard wurde en dat ús besikers harren derfan bewust wurde dat taal mear is as it sprutsen wurd.” Besikers moatte neitinke oer hoe’t se mei de gasthearen en gastfroulju kommunisearje. Se moatte werom nei de basis fan kommunikaasje en ûnderfine hoe’t is om ‘sprakeleas’ te wêzen.”

Neist HoorFriesland is ROC Friese Poort ek in belangrike gearwurkingspartner. Sa wurkje der bygelyks studinten fan ferskillende opliedingen yn de Bou en Ynfra mei oan it Talepaviljoen.

Taalmienskippen
Alle wiken stiet der yn it Talepaviljoen in taal sintraal. Njonken it Frysk binne dat streektalen en dialekten út Fryslân en Nederlân, lytse talen út Europa en de talen dy’t yn Ljouwert praat wurde.

De ferskillende taalmienskippen hawwe in wike lang de mooglikheid om harren taal en kultuer te presintearjen troch bygelyks muzyk, teater, poëzy, storytelling en lêzingen, mar ek om besikers yn ’e kunde komme te litten mei lokale gerjochten en gebrûken. Yn totaal dogge sa’n tritich taalmienskippen mei oan it programma fan it Talepaviljoen.

Poadium
Der is altyd wat te dwaan yn it paviljoen. Op tongersdeitejûnen en sneintemiddeis is der in programma dat fersoarge wurdt troch de taalmienskip dy’t dy oanbelangjende wike sintraal stiet. Troch de wike is der romte foar skoalgroepen en kinne besikers der terjochte foar in hapke en in drankje en in potsje Scrabble. Fierder tsjinnet it paviljoen as lokaasje foar alderhande besteande en nije inisjativen dy’t rjochte binne op Lân fan taal, lykas liveútstjoeringen en registraasjes fan radio/telefyzje, literêre jûnen, Werelddovendag, taalkafees, ensafuorthinne. Dêrneist binne yn en by it paviljoen eksposysjes te sjen dy’t mei meartaligens, taal en emoasje te krijen hawwe, dêr’t de besikers ek in bydrage oan leverje kinne.

It Talepaviljoen is iepen fan 30 maart oant en mei 28 oktober 2018 en is alle dagen iepen.

july 16, 2017 17:10 Fernijd
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Abe de Vries july 17, 13:47

    Ik kin der ek neat oan dwaan, mar it giet wér net goed. De metafoar fan ‘mem har rok’ foar it ûntwerp fan in taalpaviljoen dat op memmetaal en meartaligens rjochte is, wa betinkt soks? Kees Botman en Pieter Stellingwerf fan BUOG hawwe it geboutsje betocht en sjogge it sa: “Besikers lizze bûten harren taal ôf en krûpe ûnder de rok fan mem. De romte is iepen, útnûgjend en hat in waarm karakter. It is in feilich plak dêr’tst mei in iepen blik yn de kunde komme kinst mei oare minsken en mienskippen.”

    De romte ûnder de rok fan mem is iepen en útnoegjend? Under de rok fan mem kinne je yn ‘e kunde komme mei oaren? Ik wit net watfoar mem Botman en Stellingwerf hienen, mar by ús thús wie der gjin tinken oan wat de hearen hjir allegear ûnder in mem har rok hawwe wolle.

    De memmetaal ferlykje mei de rok fan mem (it feilich plak, dêr’t de bûtenwrâld net komt, dêr’t men trouwens ek neat fan dyselde bûtenwrâld sjocht of fernimt) is in frij belachelike operaasje, dy’t myn Fryske literatuer leechleit en stereotypearret as in sletten systeem mei in wearzge fan wat oars as himsels.

    Is dat paviljoen it hokje dêr’t Fryske skriuwers har yn fêstsette litte wolle? Ik tocht it net. Ik soe Lân fan Taal dêrom ek freegje wolle om in oar ûntwerp te regeljen, dat rjocht docht oan myn literatuer en net as in streekrjochte mislediging opfette wurde kin.

  2. Abe de Vries july 17, 14:15

    TIP: Ik soe ris oan in weareldbol tinke.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*